Makkingea - De gelaarsde kat

Yn it iepenloftspul soarget 'De gelaarsde kat' derfoar dat de mûnderssoan en de prinses inoar moetsje. Hy hâldt alles en elkenien yn de gaten en betinkt in nije namme foar de jongste soan fan de mûnder: 'de Markies van Carabas'. Hy fertelt oan elkenien dy't hy tsjinkomt dat de Markies van Carabas syn baas is en in soad eigendommen hat. Dat wurket fansels op de nijsgjirrigens fan de minsken, dy't wolris yn de kunde komme wolle mei dy mysterieuze Markies.

De lokaasje dêr't it stik spile wurdt is neist de mûne De Weijert en it museum Oold Ark. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Makkingea, De gelaarsde kat.

Spyldata

  • Freed 6 july om 20.00 oere (premjêre)
  • Sneon 7 july om 14.00 oere
  • Sneon 7 july om 20.00 oere
  • Snein 8 july om 14.00 oere

Reservedata: snein 8 july (20.00 oere)

(advertinsje)