Broeksterwâld - Rêdbâd

 

Rêdbâd is in stik oer de lêste heidenske kening fan Noardwest-Europa. Hy waard rûn 700 nei Kristus sjoen as in machtige hearsker dy't fijannich tsjinoer it kristendom stie. Dêrneist rekke er meardere kearen yn konflikt mei it Frankyske Ryk. It ferhaal en libben fan kening Rêdbâd is wichtich yn de Fryske en Europeeske skiednis. It iepenloftspul wol sjen litte dat de wrâld en de mins troch de iuwen hinne net feroarje: ekonomy, religy, ymperialisme en represje slaan ivich en altyd foar master op.

It stik wurdt opfierd yn de Teatertún yn Broeksterwâld. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Broeksterwâld, Redbad.

Spyldata

  • Tongersdei 28 juny om 20.30 oere
  • Freed 29 juny om 20.30 oere
  • Sneon 30 juny om 20.30 oere
  • Tongersdei 5 july om 20.30 oere
  • Freed 6 july om 20.30 oere
  • Sneon 7 july om 20.30 oere
  • Freed 13 july om 20.30 oere
  • Sneon 14 july om 20.30 oere
  • Tongersdei 23 maaie 2019 om 20.30 oere
  • Freed 24 maaie 2019 om 20.30 oere
  • Sneon 25 maaie 2019 om 20.30 oere
(advertinsje)