Feankleaster - Non-aktief

 

Iepenloftspul 'Non-aktief' giet oer it kleasterlibben. Yn Feankleaster stie in pear iuwen lyn in mingdkleaster; de Oliifberch, Mons Oliveta. It kleaster rekket yn ferfal as ien fan de lêste twa nonnen komt te ferstjerren yn it kreambêd. De muontsen reitsje yn de mearderheid en wa moat foar de lytse poppe en de oare bern soargje? Nei in brief út it Vatikaan wêryn't stiet dat de paus it kleaster slute wol, om't it net mear rendabel is, betinke de muontsen in plan om it kleaster nij libben yn te blazen: in fammenrôf.

It stik wurdt spulen troch jongerein tusken de 8 en 18 jier fynt plak op De Brink yn Feankleaster. Dêrneist binne der noch twa spesjale edysjes op Skier en yn Gerkeskleaster (14 july en 1 septimber). Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan 'Masquerade Theater'.

Spyldata

  • Freed 29 juny om 19.30 oere
  • Sneon 30 juny om 19.30 oere
  • Snein 1 july om 19.30 oere
  • Freed 6 july om 19.30 oere
  • Sneon 7 july om 19.30 oere
  • Sneon 14 july om 15.00 oere (matinee lokaasje Skiermûntseach)
  • Sneon 1 septimber om 19.30 oere (lokaasje Gerkeskleaster)

Reservedata: 1 en 8 july (15.00 oere)

(advertinsje)