Bantegea - Weispield

 

It Tsjûkemar kent in soad ferhalen: oer it fersonken doarp by Rogel, de susters Tsjûke en Maarch, de duvelsfaam, oerstreamingen. Ien ding komt yn alle ferhalen werom: je moatte doare te dreamen en it aventoer oangean... Doare te dreamen wie ien fan de meast karakteristike eigenskippen fan fersetsheld Lodo van Hamel. Hy moast as spion it ferset yn Nederlân yn kaart bringe en ynformaasje trochbrieve oan de Ingelsken en de Nederlânse regearing yn ballingskip. Lugo waard oant trije kear ta net oppikt, doe't er yn in boatsje op it Tsjûkemar wachte op in wetterfleantúch.

Weispield fynt plak op in hiel bysûndere lokaasje: op de Marchjepôle yn it Tsjûkemar. De boat nei de Marchjepôle fart ôf by de parkearplakken De Lanen en De Wiel by de A6 om 19.15, 19.45 en 20.15 oere. Alle foarstellingen begjinne om 20.30 oere. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Bantegea, Weispield.

Spyldata

  • Tongersdei 28 juny om 20.30 oere (premjêre)
  • Freed 29 juny om 20.30 oere
  • Sneon 30 juny om 20.30 oere
  • Woansdei 4 july om 20.30 oere
  • Tongersdei 5 july om 20.30 oere
  • Moandei 9 july om 20.30 oere
  • Tongersdei 12 july om 20.30 oere
  • Freed 13 july om 20.30 oere
  • Sneon 14 july om 20.30 oere

Reservedata: 1, 2, 3, 10, 11 en 15 july

(advertinsje)