Easterwierrum - Alice yn Wûnderlân

 

Alice, dochter fan Karel en Hanneke, is al sûnt 17 febrewaris har kat Dinah kwyt. Nearne is it bistje te bekennen. Miskien is se fuortrûn om't de hûn fan buorman Terpstra begûn te blaffen; se is bang foar hûnen. Of soe se ûnder in auto kaam wêze? Dan soe ien libben fan de njoggen skeint wêze en moat se noch earne omrinne... Alice is bang dat Dinah nea wer thús komt by har yn Easterwierrum. Se is swart, mei in wite bef en in read halsbantsje mei beltsje. Wa helpt Alice mei it sykjen nei Dinah?

De foarstellings fine plak neist MFC De Tysker, Skuorrehofwei 2a yn Easterwierrum. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Easterwierrum, Alice yn Wûnderlân.

Spyldata

  • Tongersdei 21 juny om 20.30 oere (premjêre)
  • Sneon 23 juny om 21.30 oere
  • Snein 24 juny om 15.30 oere
  • Woansdei 27 juny om 15.30 oere
  • Freed 29 juny om 20.30 oere
  • Sneon 30 juny om 20.30 oere

Reservedata: 22 en 26 juny (20.30 oere) en 1 july (15.30 oere en 20.30 oere)

(advertinsje)