Grou - Gabe Skroar

 

In hiel bysûnder stel, dy Halbertsma’s fan Grou: in djipsinnige dûmny, in trochdriuwerige ûndernimmer, in drinkende en dichtsjende dokter en in houtkeapman. De kreupele kleanmakker Gabe Skroar hat de hannen deroan fol. Fan de âldelju fan de fjouwer bruorren krige er de opdracht om op har te passen, om se byinoar te hâlden. It is net te dwaan! Klik hjir foar eksklusive filmkes en in ympresje fan it stik.

It stik wurdt opfierd op it lokaasjeteäter by Hotel Restaurant Oostergoo (Nieuwe Kade 1, Grou). Minsken wurde fan 20.00 oere ôf, oant 20.30 oere, nei it teäter brocht mei in boatsje. De foarstelling sels begjint om 21.00 oere. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Grou, Gabe Skroar.

Spyldata

  • Tiisdei 5 juny om 21.00 oere (try-out)
  • Woansdei 6 juny om 21.00 oere (try-out)
  • Tongersdei 7 juny om 21.00 oere (premjêre)
  • Sneon 9 juny om 21.00 oere
  • Tiisdei 12 juny om 21.00 oere
  • Freed 15 juny om 21.00 oere
  • Sneon 16 juny om 21.00 oere
  • Tiisdei 19 juny om 21.00 oere
  • Woansdei 20 juny om 21.00 oere
  • Freed 22 juny om 21.00 oere
  • Sneon 23 juny om 21.00 oere

Reservedata: 8, 10, 14, 18, 21, 24, 25, 26 en 27 juny

(advertinsje)