Bakkefean - It Van Drooge mystearje

  • Trailer It Van Drooge mystearje

Lambertus van Drooge wie skoalmaster yn Bakkefean fan 1870 ôf. Yn it iepenloftspul fan Bakkefean stiet der ien fraach sintraal: wêrom is Van Drooge altyd yn Bakkefean bleaun? Hjoed is de premjêre fan it iepenloftspul 'It Van Drooge mystearje'.

Master Van Drooge naam de bern mei nei bûten foar in leske 'kennis der natuur', of hy gong mei de klasse te sjongen by de Slotpleats. Ek folwoeksenen joech Van Drooge les yn mjitkunde en astronomy, mar toaniel hie ek syn belangstelling. Hoe joech master van Drooge les en wêrom hiene hy en syn frou Geertje ek noch kostgongers yn hûs?

Sjoch foar mear ynformaasje op de side fan Bakkefean - It Van Drooge mystearje.

Spyldata

  • Freed 23 juny om 21.00 oere
  • Sneon 24 juny om 21.00 oere
  • Snein 25 juny om 21.00 oere
(advertinsje)