De Houtigehage - De Omkearde Staking

  • Trailer De Omkearde Staking
  • Wêr giet De Omkearde Staking oer?

Yn it ramt fan it kultuerhistoarysk jier ‘Roerige tiden yn Smellingerlân’ fiert De Houtigehage it iepenloftspul ‘De Omkearde Staking’ op. Yn it stik stiet it ferhaal sintraal oer arbeiders út it doarp dy’t, wylst it foar harren ferbean wie, begûnen mei it ûnginnen fan de Parkwyk. Dat alles is ferwurke yn in iepenloftspul mei dêryn ek de hâlding fan de ferskate gesinsleden tsjinoer de stakers, de burokrasy en in stille leafde mei fiergeande gefolgen.

Begjin fyftiger jierren wie der grutte wurkleazens yn De Houtigehage: it persintaazje lei fier boppe it gemiddelde yn Nederlân. De earmoede wie grut: wurkleaze jonge mannen sieten sûnder útkearing thús. Dochs wie der genôch wurk, der wie in efterstân yn de útfiering fan iepenbiere wurken en de werûntginning fan in oantal diken wachte al jierren op útfiering. Der waard in unike aksje op tou set en in oantal wurkleazen gie út protest oan it wurk, dit ta grutte ferbjustering fan de autoriteiten: in omkearde staking. De Parkwyk, in ûnbegeanbere dyk as it reinde, waard ûntgind.

Op 21 jannewaris 1952 wie de omkearde staking in feit. De Houtigehage kaam yn it nijs: der waard in ferslach publisearre yn ‘De Waarheid’, de partijkrante fan de CPN. It doarp stie op ’e kaart en fungearre as foarbyld foar omlizzende doarpen. Foar de provinsje en it gemeentebestjoer wie de omkearde staking oanlieding om no wol oan ’e slach te gean mei it útfieren fan de iepenbiere wurken.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Houtigehage - De Omkearde Staking.

Sjoch foar de Buro de Vries útstjoering oer De Omkearde Staking. 

Spyldata

  • Freed 30 juny om 20.30 oere
  • Sneon 1 july om 20.30 oere
  • Snein 2 july om 15.00 oere
  • Freed 7 july om 20.30 oere
  • Sneon 8 july om 20.30 oere
  • Snein 9 july om 15.00 oere
(advertinsje)

Resinsje, skreaun troch Wopkje Bergmans

“Wy easkje wurk, wy easkje wurk!’’
Ik mocht ôfreizgje nei it iepenloftspul ‘De Omkearde staking’ yn De Houtigehage. Earst mar ris efkes op de kaart sjen. Wêr leit it eins? Fan de klaai nei de heide, fan Holwert nei Houtigehage. En, soe it wol trochgean? Ek de Omrop Fryslân-app mar efkes yn de gaten hâlde, want it waar is min en ‘Manon’ yn Dronryp giet ek al net troch, soe Houtigehage dan wol trochgean? Hawar…ik hear neat, dus om 19.00 oere mar dy kant út, reinjaskes mei en de grouwe rinskuon mar oan, want wy hawwe jûn hûnehokjewaar, seit Pyt.

As ik foarôfgeand oan it stik yn de kofjetinte efkes skûlje wol en hjir en dêr de lûden wat opfang hear ik dit: ”O o, wat is dit skande fan it waar en al dy klean fan de spilers... Alles wurdt sa wiet!” Har man seit: “Sy kinne better sûnder klean spylje, dan krije wy echt in apart stik!” En sa is it ek! It hat net ien tel drûch west!

Foar my steane twa tribunen mei kûpstuoltsjes, dy’t ek al fol mei wetter steane. Allegearre blau, giel en rôze fan de reinjaskes en kapusjonnen op de tribunen. Der wurde gau wat handoekjes regele en... it stik kin los! “Wat binne jimme leafhawwers om mei dit waar nei ús iepenloftspul te kommen!”, sa iepenet Marten Wynstra de wiete jûn.

Yn dit kultuerhistoarysk jier fan ‘Roerige tiden yn Smellingerlân’ bringt De Houtigehage dit bysûnder skiednisstik foar it fuotljocht. Begjin fyftiger jierren wie der grutte wurkleazens yn de omkriten fan De Houtigehage. De earmoede wie tige grut en in soad manlju sieten sûnder útkearing thús en dochs wie der wurk by de rûs. Dizze manlju giene op eigen manneboet oan it wurk yn de Parkwyk, in strieminne suterige sânreed dat al jierren om ûnderhâld frege. Ta grutte fernuvering fan it gesach.

Dizze histoaryske skiednis is ferwurke yn ‘De omkearde staking’. De hâlding en de mieningen fan minsken út it doarp, hoe’t elkenien tsjinoer de stakers en de burokrasy stie en mei fansels in geheime leafde dy’t ek noch útkomt... dat is de basis foar dit moaie stik.

Under regy fan Wimpy de Vries wurdt it stik mei each foar detail fan it swiere arbeiderslibben mei hilarysk ‘Bokwerter’ taalgebrûk en in soad humor delset. Ien prachtige siswize wol ik jimme noch efkes fertelle, want yn 1952 wiene der “minsken mei koppen as bushokjes, mei in ferstân dat wol yn in apenút past!”

Bysûnder yn dit iepenloft is ek dat Johannes, de stakingslieder, de rol fan syn bloedeigen pake spylje mei. It dekôr bestiet allinnich út in Wâldhúske en in ôfdakje foar de lûkpûdemuzikant. Dit ôfdakje wurdt letter noch brûkt as wurkplak fan de minister. It dekôr is sa, yn alle ienfâld, bêst genôch!

Petsje ôf foar alle spilers en de berntsjes, dy’t fol fjoer en faasje harren rol yn dit strieminne waar delsetten ha. Mar, dit waar fan jûn past eins krekt yn it plaatsje fan 1952, want doe wie de sânreed ek sa fiis en blabberich. It skoft waard beheind oant fiif minuten en nei ôfrin koe elkenien noch fergees in bakje kofje as tee helje om noch efkes op te waarmjen. En dat allegearre foar 5 euro tagongspriis, dêr’t ek nochris twa bakjes kofje as tee by yn sieten. Wat wolle jo noch mear! In arbeiderspryske!

Wopkje Bergmans

(advertinsje)