Wytmarsum - Nonne gekte

  • Trailer Nonne Gekte
  • Op 'e set by Nonne gekte
  • Wêr giet it Nonne Gekte oer?

Teäterselskip Surprise Witmarsum komt dit seizoen mei it iepenloftspul Nonne gekte. It spul wurdt, tapaslik genôch, opfierd yn de kleastertún fan it eardere paters Augustijnenkleaster oan de Arumerwei yn Wytmarsum.

Yn Nonne Gekte stiet in nachtclubsjongeres, dy’t tsjûge west hat fan in moard, sintraal. Sy dûkt as non ûnder yn in kleaster, tusken de ‘echte’ nonnen. De iennige persoan dy’t op ‘e hichte is fan har ‘wiere’ identiteit is Moeder Overste. Sa ûntstean der alderhande situaasjes dy’t soargje foar spanning, humor en, net te ferjitten, sensaasje.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Wytmarsum - Nonne gekte.

Spyldata

  • Freed 16 juny om 20.30 oere (premjêre)
  • Sneon 17 juny om 15.00 oere
  • ​Sneon 17 juny om 20.30 oere
  • Snein 18 juny om 15.00 oere
  • ​Snein 18 juny om 20.30 oere
(advertinsje)

Resinsje, skreaun troch Gerard de Vries

Iepenloftspullen binne tige populêr. Der komme hieltyd mear fan. Ek Wytmarsum hat dit jier foar it earst in iepenloftspul. It iepenloft spul wie te sjen fan 16 oant en mei 18 juny en waard útfierd troch toanielferiening Surprise Wytmarsum.

Ik bin ôfreizge nei Wytmarsum om it Iepenloftspul mei te meitsjen. Hoe is de organisaasje? Is de wc wat skjin? Is it drinken wat te beteljen? En it belangrykste: is it in leuk stik?

It iepenloftspul begûn om 20.30 oere. Ik kaam om 20.00 oere oan op de lokaasje, it stik waard útfierd yn de Kleastertún fan Wytmarsum, en it wie al gesellich drok. De wc wie goed skjin en it drinken wie ek net djoer. Twa euro foar in munt is in skaplike priis. De lokaasje wie skitterjend, de tsjerke op de eftergrûn docht dochs wat mei de omjouwing wêryn’t je sitte. Fierder wie it moai oanklaaid en wie der soarge foar sfearfolle ferljochting.

Dan set om 20.30 set de foarstelling útein, it sit fol humor en sang. Wat my opfoel is dat de sang tige goed wie. Der rinne noch folle ferburgen sjongtalinten om yn Fryslân, tal fan harren wenje yn Wytmarsum! ;)

It stik giet oer nachtclubsjongeres Christy, sy is fereale op de kriminele, troude Vince. Mei syn maat, meirinner, Frank docht hy alderlei saken dy’t it deiljocht net ferdrage kinne. Se binne beide wat knoffelich en dat makket it wer komysk, mar as je rebûlje mei harren krije kin it fataal mei je ôfrinne. Sa is Christy der tsjûge fan dat sy in man nei de oare wrâld helpe. Der wurdt har op it hert drukt om net nei de plysje te gean mar se wit net hoe hurd se har melde moat by de plysje. Christy is ferbjustere dat har leave Vince ta dit yn steat is. De plysjeman, de eks-man fan Christy, sjocht mar ien oplossing en dat is Christy ûnderbringe yn it kleaster...

Moeder Overste is de liedster fan de Nonnen. Echt bliid is sy net mei de komst fan Christy. It non wêzen sit net yn Christy har genen. Sy docht de oare nonnen leauwen dat se út in oar kleaster weikomt. Allinnich moeder Overste wit de reden werom’t Christy by harren op besite is. De noarms en waarden binnen it kleaster binne dreech foar Christy, dit leveret grappige tafrielen op. Fieder binne der rollen weilein foar de jongerein. Christy jout harren nammentlik seksuele tips.

Christy is sjongeres en wol it koar nei in heger nivo tille. It koar klinkt ûnder lieding fan Christy folle better en lûkt dêrtroch folle publyk; sels de Paus is op it konsert ôfkaam. Neidiel is dat Vince en syn maat Frank no witte wêr’t sy is. Ferklaaid as nonnen, stie jimme goed hear ;), binne Vince en Frank nei it konsert tagien mei as doel Christy in kopke lytser te meitsjen. Dat liket te slagjen, mar de nonnen komme yn aksje. Wannear’t de nonnen mei BH’s op Vince en Frank ôfkomme skrikke se sa dat se arrestearre wurde kinne.

It stik einiget mei sang. Ek de jeugd sjongt fanatyk mei. Sels Vince en Frank stean efter de traaljes te swingen. Nei ôfrin kin der noch meardere drankjes nuttige wurde. Ik fûn it in tige moai iepenloftspul. Ik haw der ien wurd foar: FANTASTYSK! Myn kompliminten oan de spilers en alle meiwurkers fan toanielferiening Surprise.

Ik hoopje dat jimme yn 2018 wer in iepenloftspul organisearje. Ik bin dan wer fan de party!

Gerard de Vries

(advertinsje)