Arum - Omke Henk

Doe’t Stifting Teater Selskip Arum 25 jier bestie yn 2014, fierden se dat mei harren earste iepenloftspul. Dat smakke nei mear… Dêrom wurdt der dit jier wer it iepenloftspul Omke Henk opfierd yn it Baarderbuorrenbosk yn Arum. It stik is in misdied-komeedzje, wêryn’t yn in ‘leugentje om bestwil’ bysûndere gefolgen hat.

De sympatike Tom is in jongfeint sûnder plan, mar wol mei in flotte babbel. It libben oerkomt him. Hy hat gjin idee wat hij wol en hat dêrom mar keazen foar in rjochtenstúdzje. As Tom op in jûn yn in tsjustere tunnel oanfallen wurdt troch in binde strjitjonges, ropt hy út selsferdigening dat topkrimineel Henk de Koning syn omke is. Op dat stuit in slimme set, want de binde lit him gean. Mar as Henk de Koning, himsels de folgjende dei op ’e stoepe stiet, kriget Tom spyt fan syn útspraak.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Arum - Omke Henk.

Spyldata

  • ​Tongersdei 14 septimber om 20.30 oere (premjêre)
  • Freed 15 septimber om 20.30 oere
  • Tiisdei 19 septimber om 20.30 oere
  • Freed 22 septimber om 20.30 oere
  • Sneon 23 septimber om 20.30 oere

​Reserve en suksesopsjes: 17, 18, 21 en 24 septimber om 20.30 oere 

(advertinsje)

Resinsje, skreaun troch Jacob de Vries

- Ligerij yn it Baarderbuorrenbosk -Tongersdei 14 septimber, oan de ein fan in reinige dei op nei Arum foar it lêste iepenloftspul fan 2017. It soe neffens buienradar de hiele jûn (nei 19.00 oere) drûch bliuwe, mar sels dat wie in leagentsje om best wil; der soenen noch twa flinke buien falle. Des al wel te plus sette wy útein en kuierje fia in lyts paadsje troch de beammen nei in iepen stik yn it Baarderbuorrenbosk. Mei meiwurking fan Natuurmonumenten is der in moai smûk plak makke; in bjusterbaarlik plak om je kreativiteit yn kwyt te kinnen.

Op ‘e tribune, dy’t fan ‘e jûn hielendal fol sit, sjogge we nei in dekôr makke fan ierappelkisten dy ‘t allegearre skeef op inoar steane. Moai betocht om sa’n soarte fan doalhôf (of sa as Romke Gabe Draaijer, de regisseur, it sels seit: in bijekoer) te kreëarjen dêr’t je, as je der ien kear yn sitte, mar lestich út komme kinne.

Ek de seis man sterke band sit ferspraat yn ferskate fakjes fan dy bijekoer. En om‘t se hjir dochs net wer út komme, begjinne se mar in moai sêft deuntsje te spyljen. Dat bliuwt de hiele foarstelling op in moai trochtochte wize ûnder de scenes trochgean. Sa no en dan wat mear oanwêzich, mar nea oerhearskjend.

Tom van Velzen (Klaas Tolsma) wurdt yn dit doalhôf lutsen om‘t er yn in benaude situaasje de namme brûkt fan topkrimineel Henk de Koning (Lieuwe Tolsma). De sterk spyljende Lieuwe wit de wat (te) skruten spyljende Klaas safier te krijen om him as frijwilliger oan te melden by tehûs Baardenburch. Dan blykt dat doalhôf in  bijekoer te wurden, wrêyn’t in pot jild de huning is dêr‘t ferskate ‘Ymkers’ wol ferlet fan ha. Freddy M(ijer), sterk spile troch Harm Westra sit op dat jild. Hy is demint en wit dus net mear wêr’t dat jild is. Of is dat ek in leagen?

De sterk delsette pasjinten rinne it hiele stik troch rêstich en stadich hin en wer. Wat in moai kontrast jout tsjin de hurde realiteit fan de kriminele ûnderwrâld. Der wurdt spile yn in mei opsetsin wat tsjustere beljochting; wat betsjut dat de spilers en setting sa no en dan wat skimerich en spannend oerkomme. Al moatte we sizze dat de komyske kant fan dizze misdied-komeedzje mear nei foaren komt dan de spannende kant.

Al mei al hat de folle tribune in poerbêste jûn hân en sille se tsjin elkenien sizze; derhinne, want it is in moaie en weardige ôfsluting fan it iepenloftseizoen 2017.

 

Jacob de Vries

(advertinsje)