Snakkerbuorren - In see fan lân

It iepenloftspul fan Snakkerbuorren spilet yn 2017 in poëtysk leafdesdrama oer de ûnmooglike leafde tusken de Fryske boeresoan Sjoerd en de tweintich jier âldere Simone út Amsterdam, tsjin de eftergrûn fan it libben op it Fryske plattelân fan hjoeddeis. Wat dochst ast yn Amsterdam fiif goed rinnende kroegen hast, as de man fan dyn bern net mear yn byld is, ast in pubersoan hast dêr’tst net genôch tiid oan jaan kinst en ast eins ek net mear oan dysels takomst? Dan kinst twa dingen dwaan: trochgean of stopje.

Simone beslút om it roer drastysk om te smiten. Se ferkeapet de kroegen, ferlit Amsterdam en giet mei har soan Ruben nei Fryslân dêr’t se yn it doarpke Randum in leechsteand kafee keapet. Se sjocht it hielendal sitten om tichteby de minsken te wêzen, wat foar harren betsjutte te kinnen en wer belutsen te wêzen by it libben. Mar har komst wurdt net troch elkenien as posityf ûnderfûn. Al hielendal net as sy as fjirtiger oant oer har earen fereale rekket op de folle jongere boeresoan Sjoerd en hy ek op har… In tornado brekt los en de fraach is hoe sterk harren leafde dan is: oerwint leafde, sa as it sprekwurd seit, alles?

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Snakkerbuorren - In see fan lân.

Trailer


Spyldata

  • Woansdei 5 july premjêre om 21.00 oere
  • Freed 7 july om 21.00 oere
  • Sneon 8 july om 21.00 oere
  • Tongersdei 13 july om 21.00 oere
  • Freed 14 july om 21.00 oere
  • Sneon 15 july om 21.00 oere
  • Snein 16 july om 21.00 oere

Minwaar en suksesopsjes: tongersdei 6, moandei 10, moandei 17, tiisdei 18, woansdei 19, tongersdei 20 en freed 21 July om 21.00 oere.

(advertinsje)

Resinsje, skreaun troch Marieke Groen

It is woansdei 5 july, de premjêredei fan ‘in see fan lân’ yn Snakkerbuorren. De lokaasje is de doarpstún, dyý spesjaal hjirfoar nóch geselliger oanklaaid is. De sfear fan buorkerij en doarp, dy’t fansels heart by ‘in see fan lân’ , is prachtich trochfierd, mei heabalen om op te sitten, by it paad del Fryske ‘tegeltsjeswiisheden' mar ek gesellige lampkes. It hout foar it kampfjoer leit al klear en fansels is der in bar, wêr’t je kofje/tee mei in koek, fris of in buorrel krije kinne. En by it kaartsje krigest in konsumpsjemunt (leuk!!!), dus der wurdt fuort gebrûk fan makke. Yn it skoft binne der boppedat broadsjes hamburger.

De sfear is op dizze útferkochte premjêrejûn is gesellich en gemoedlik. Foar njoggenen wurde der heabalen fuortsleept en kin we in plakje op de tribune sykje.

It dekôr fan dit stik is werklik briljant. Wat oan it begjin liket op eat wat ik it bêste omskriuwe kin as in steger yn de doeken, wurdt troch de spilers fuortdraaid en feroaret sa yn de bar fan de Amsterdamske Simone. Sy wurdt spile troch Elsbeth Klein Hulse, dy’t mei har kordate passen oer it toaniel en it eachkontakt mei it publyk, fuort in prachtige Amsterdamske frou delset. It kontrast mei de doarpske agrarysk konsulinte Sjoukje (in machtige rol fan Atty van der Plaats) koe hast net grutter wêze en dat jout fuort oan hoe’t ‘ien fan bûten’ yn it doarp altyd ‘ien fan bûten’ bliuwt.

It publyk libbet mei folle oerjefte mei, mei Simone as sy yn striid rekket mei har pubersoan Ruben (Niels Kikstra). De puberakjes fan Ruben en de frustraasjes fan mem binne in feest fan (w)erkenning foar guon tink ik.

Wat bysûnder is, is dat de spilers de hiele tiid in byld bliuwe. Op de eftergrûn steane se stil, mei de rêch nei it publyk, as se nei in oare romte geane. Somtiden boppe, soms ûnder of op de eftergrûn. Of se rinne of fytse del. De spilers wurde sa eins ûnderdiel fan it dekôr en dat hat in bysûnder moaie útwurking. In bûging foar de spilers is op syn plak, want se steane bytiden stil sûnder út de rol te fallen.

It dekôr sels is sublym yninoar setten. De spilers helpe alle kearen mei om de houten 'steger' om te skowen en wat de bar yn de kroech is, wurdt mei in tafelkleed samar de itenstafel fan húshâlding Swierstra. En in skoftke letter is it mei itselde gemak in wetterfal in Itaalje. It binne dat soarte fan lytste details dy’t it stik grut meitsje en dat is wier bewûnderingsweardich. Net allinne wat it dekôr oangiet, mar ek yn it spul. De diskusjes fan de froulju fan it sjongkoar of ûnder de gearkomste fan doarpsbelang, wêr’t alle spilers trochinoar prate, binne bygelyks hilarysk. Lykas de groep toeristen dy’t út it neat yn datselde dekôr it Italiaanske gefoel op ús oerbringe.

De hurdwurkjende buorkersfrou en mem fan Sjoerd, die bjusterbaarlik oertsjûgjend delset wurd troch Jildou Talman yn hâlding, mimyk en wurd, nimt ús as taskôger mei de tradisjonele mienskip yn. Wylst de hast ûnberette leafde fan Simone foar Sjoerd it moderne libben en frijheid fertolket.

De binne eins sa’n soad moaie details dat der mar ien ding opsit: jimme moatte sels nei Snakkerbuorren om it stik te sjen. Mei in grutte en profesjonele kast, ynventyf dekôr, in hearlike doarpske simmersfear, muzyk fan in liveband en genôch grappen om hearlik te laitsjen, is dat wat my oanbelanget echt in hearlik iepenloftspul. In jûn fol fertier en genietsje mei in haadletter G!

Marieke Groen

(advertinsje)