Jorwert - ‘t Beest

Teäter ‘Yn Waar En Wyn’ is de fêste thúsbasis fan it jongereiniepenloftspul yn it sintrum fan de Fryske Greiden. It jongereiniepenloftspul fan Jorwert spilet dizze maitiid it stik 't Beest. It stik is basearre op it mearke Belle en het Beest. It is de fjirde kear dat der yn Jorwert in jongereiniepenloftspul is. Tweintich jongeren dogge dit jier mei. It spul wurdt opfierd op in boerehiem.

‘t Beest is in eigentiidske bewurking fan it mearke Belle en het Beest. It spilet him ôf op it studintedispút Infernicus. Yn it ferhaal wurdt it jachtige libben fan de studint Brendan Besseling folge. Brendan is in persoan dy’t alles al hat en dêrom hiel djip falt… Wat betsjut it ast alles hast? Wat ast neat fan dat alles witst te wurdearjen? Wat ast alles kwyt rekkest?

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Jowert - ‘t Beest.

Spyldata

  • Tongersdei 25 maaie om 21.00 oere
  • Freed 26 maaie om 21.00 oere
  • Freed 2 juny om 21.00 oere
  • Sneon 3 juny om 21.00 oere
  • Snein 4 juny om 21.00 oere

Minwaar en suksesopsjes: 27 en 28 maaie en 5 en 6 juny om 21.00 oere.

(advertinsje)

Resinsje, skreaun troch Sieuwke Ferbeek

Bisteftich goed! Der is somtiden in bulte kommentaar op de jongerein, mar as jo iepenloftspul ’t Beest yn Jorwert sjoen hawwe kinne jo de jongerein allinnich mar kompliminten jaan. 'Yn waar en wyn' presintearre dit jier it jongereiniepenloftspul ’t Beest. De premjêre wie op moaie maaitiidsjûn op 25 maaie. Op in boerehiem wie yn moai strak stegerhouten dekôr delsetten; mei in tribune, dy't wol hûndert minsken hâlde koe, makke fan pallets. It ljocht en lûd kaam út in hynstekarre wei.

Twa stoere parkearwachten wizen my yn it parkearlân in plakje foar myn auto oan. Doe’t ik fierder rûn waard ik ûntfongen troch twa bisteftich-aardiche famkes. Neist in hinnehok wie yn wiere kofje/tee/fris hoek mei skaplike prizen delsetten. Foarôf krigen de minsken in hiel dúdlike útlis wêryn’t alle belangrike saken efkes beneamd waarden.

It ferhaal fan 'Beauty and the beast' wie foar it stik oersetten nei in Frysk- Nederlânsk modern iepenloftspul mei thema’s fan dizze tiid. ’t Beest gie oer it meast romrofte studintedispuut fan Jorwert. De studint Brandon Besseling fan it dispuut libbet as in bist, mei in protte drank en noch mear froulju. Troch spul mei in famke wurdt er skeind en feroaret er ek fan bûten yn in bist. Hy kriget in jier lang de tiid om de wiere leafde te finen. Troch ferdjipping en Shakespeare fynt er dy leafde úteinlik.

Trije jongkeardels en njoggentjin jongfammen (tusken de 11 en 15 jier âld) mei lef spylje mei-inoar in prachtich stik. It wie geweldich om te sjen hoe’t se allegearre harren eigen rol fertolke. Sa as yn it gewoane libben kin de ien it better ferwurdzje as de oar, mar alle spilers hawwe in rol dy’t by him of har past. It publyk krige it advys de sneinske klean thús te litten, mar de studinten/spilers sjogge der allegearre kreas út yn harren kreaze blûze, strik en swarte broek. Hoewol’t se yn it iepenloftspul minder kreas libje; feest, drank en ek binne net altyd like aardich tsjininoar. De muzykstikken passe goed by de scenes fan it stik. It bringt it publyk yn in passende stimming en jout sfear.

Moai wie ek de ûntlading fan de jongerein by it mear as fertsjinne ein-applaus. As ien grutte freoneploech krûpe se tsjininoar oan. Se meie stik foar stik grutsk op harrensels wêze. De spiler hawwe it publyk genietsje litten fan yn prachtich útfierd iepenloftspul, mei alles derop in deroan; leafde, fertriet, ûnwissens, rangen en stannen, uterlik, freonskip. En as wichtichste: alles giet foarby, neat is foar altyd, mar gjin dei sûnder dy!

Sieuwke Ferbeek

(advertinsje)