Jonkerslân - Hea of hout

  • Trailer Hea of Hout
  • Op 'e set by Hea of hout
  • Wêr giet Hea of hout oer?

Jonkerslân stiet dit jier mei it iepenloftspul Hea of Hout stil by it 90-jierrich bestean fan de pleatslike toanielferiening It Freonental en de ferhuzing fan it doarpshûs nei de eardere basisskoalle. It stik dat him ôfspilet yn de roerige sechstiger jierren is skreaun troch de twillingbruorren Jan en Lomme Schokker. It spul wurdt dit jier efter it doarpshús, oan de Fûgelsang yn Jonkerslân spile.

It is de simmer fan 1964. Skoaljuffer Marije is mei de skoalbern bûten. De oare dy sil Marije har feint Hessel thúskomme. Hy hat de tsjinsttiid yn Dútslân der op sitten en sil no in kar meitsje moatte tusken ‘Hea of Hout'. Syn heit helpe yn it timmerbedriuw of op de pleats fan Marije har âlden. 

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Jonkerslân – Hea of hout.

Spyldata

  • Freed 30 juny om 20.00 oere 
  • Sneon 1 july om 20.00 oere
  • Sneon 8 july om 20.00 oere
(advertinsje)

Resinsje, skreaun troch Janna van Miltenburg

Justerjûn haw ik nei it iepenloftspul ‘Hea of hout’ yn Jonkerslân west. Goh, wat hiene sy dêr in moai dekôr boud. It wie sa dúdlik te sjen wat wat wie yn it dekôr.

Kwa aktearjen wie it wol te merken dat de spilers yn it begjin wat ûnwis wiene oer harren spul. Letter yn it stik waard dat stikken better.

Wat ik spitich fûn oan it iepenloftspul, is dat in prachtich Frysk stik sa bot Fernederlânske wurdt. Troch it hiele spul hinne waarden in soad Nederlânske wurden brûkt.
De sfear siet der wol fantastysk yn en de spilers hiene der dúdlik ek sin oan.

De rûte nei de lokaasje wie goed oanjûn en dus maklik te finen. Ek alle foarsjenningen wiene goed yn oarder. De húskes wiene netsjes en skjin en minsken koene in hapke of drankje keapje. It wachtsjen wie wol wat oan de lange kant, der stie in flinke rige.

Fierder hawwe wy ús poerbêst fermakke, it wie ek goed te sjen in hokker tiid it sik him ôfspile. Foar myn soan brocht dat moaie jeugdwerinnerings op. Koartom: in moai en humoristysk stik.

Ien fan de karakters, Beppe Klaas, wie prachtich delset. In moai mins, se spile geweldich, in wier jierren sechstich figuer. Se rikke in ‘stikkie’ en hie ek de ‘spacecake’ paraat. Hessel en Marije, de haadpersoanen wer’t it om draaide, soene op it lêst de wrâld yn op ‘e trekker, mei in heawein. Wol wie it spitich dat de trekker earst net starte woe.

Janna van Miltenburg

(advertinsje)