Dronryp - Manon

Dit jier spilet Iepenloftspul Dronryp it stik ‘Manon’, in bewurking op de twalûk Jean de Florette en Manon des Sources fan de Frânske skriuwer Marcel Pagnol. It stik wurdt opfierd oan ‘e Haven yn Dronyp.

Manon fertelt it ferhaal fan in famke dat mei har heit en mem út ‘e stêd ferhuzet nei it plattelân. De heit fan Manon, Jean de Florette, is in bochelde belestingûntfanger. Hy hat in pleats yn de bergen dêr't er buorkje wol. Mar de rike heareboer Papet Soubeyran en syn neef Ugolin hawwe ek harren each falle litten op datselde plak. Sy beslute om stikem de wetterboarne op it hiem fan Jean ticht te mitseljen, wêrtroch't it takomstplan fan Manon en har famylje op dramatyske wize mislearret. As dan nei tsien jier de wierheid foar it ljocht komt, nimt Manon it heft yn eigen hannen en wol se it hiele doarp wreke foar it ûnrjocht wat harren oandien is.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Dronryp - Manon.

Spyldata

  • Woansdei 21 juny om 21.00 oere
  • Feed 23 juny om 21.00 oere
  • Sneon 24 juny om 21.00 oere
  • Freed 30 juny om 21.00 oere
  • Sneon 1 july om 21.00 oere
  • Woansdei 7 july om 21.00 oere
  • Tongersdei 8 july om 21.00 oere
(advertinsje)

Resinsje, skreaun troch Marieke Groen

Op in wiete freedtejûn riid ik nei Dronyp foar it Rypster iepenloftspul. Al op de earste rotonde foar Dronryp wurdt it paad nei it parkearterrein oanjûn en de paadwizing liedt my sûnder problemen nei it parkearterrein, wêr’t twa freonlike hearen my ferwize nei it paad. "Dan wiist it him fansels." En as ik it yn ien kear fine kin, dan kin elkenien it, want ik stean net bepaald bekend om myn navigearkwaliteiten.

Woansdei hawwe se hjir in simmerske premjêre hân, hjoed is t mear waar foar grouwe truien en paraplu's. Foar de sfear makket dat neat út. It terrein is gesellich oanklaaid en de tinten fan de catering en parasols by de steantafels soargje net allinne foar sfear, mar ek foar in beskut plakje. Boppedat is der waarme kofje&thee te keap, bier/wyn/fris of in buorrel. Foar de leafhawwer binne der ek hearlike snacks.

It is gesellich drok, de tribune sit hast fol en foarsitter fan it iepenloftspul, Oebele Harsma, dielt reinponsjo’s út (chapeau, moaie service)! Dus we bliuwe reedlik drûch. Stipt om 21.00 oere komme de spilers op. De Franske chanson, prachtich sjongen troch Délie (Ineke Buma), nimt de taskôger fuort mei in nei Frankryk en de flessen reade wyn befêstigje dit Frânske gefoel.

We sjogge hoe Pappet (Lochnaar Kingma) en de ûnsjoch, sullige en wat ûnnoazele Ugolin, prachtich delsetten troch Romke van der Meulen, in plan betinke om fruchtbere grûn te finen en oare partijen bûten spul te setten.

Der sitte in soad dialogen yn it stik, do moast as taskôger dus wol goed oplette, mar der binne ek genôch moaie grappen; der sit in soad humor yn it stik. It stik niget nei in klucht en sa bliuwt het ferhaal luchtich en humoristysk. De spilers sette oertsjûgjende karakters del, dat makket it in genot om nei te sjen. De petearen hiene soms wat koarter kinnen wat my oangiet, mar der sitte prachtige grapkes ien en de mimysk en kwaliteiten fan de spilers meitsje it stik dochs in sukses.

Foar de pauze set Sicco de Free in werklik machtich moaie ‘Jean’ del en Fardau van Emmen is in alderskattichst lytse Manon. Nei de pauze wurdt de tsien jier âldere Manon spile troch Marenne Smit, dy’t wier in talint hat om Manon in karakter te jaan. Sels yn de stikken sûnder tekst spatte de emoasjes fan it gesicht en de lichemstaal ôf. De skoalmaster, spile troch Jitze Grijpstra, hat datselde talint, de twadde helte wurdt sa, nettsjinsteande de dramatyske draaien, dochs hilarysk.

Yn de pauze ming ik my ûnder it publyk en hear en freegje hjir en dêr wat reaksjes. De algemiene opiny is posityf en entûsjast en dat is hiel terjochte!

Under de twadde helte brekt yn hoasbui los dy’t oanhâldt oant de ein. Mei tank oan de reinponsjo’s en de spilers dy’t, bjusterbaarlik genôch, trochspilen sabeare der neat oan de hân wie, mei de rein de wille net fuortnimme. Se sykje dapper troch nei wetter, wylst dat ûndertusken mei bakken út de loft komt fallen. It stik einiget wer mei in Frânske chanson, wat ús kâld, wiet mar dóchs yn Frânske simmerstimming efterlit.

Koartom: chapeau foar alle spilers en harren akteerkwaliteiten en in échte oanrieder! De foarstelling is oant en mei 8 july te sjen.

Marieke Groen

(advertinsje)