Easterwierrum - Pietje Bell en de Binde fan 'e Swarte Hân

It Berneiepenloftspul Easterwierrum nimt har taskôgers dit jier mei werom yn de tiid yn. Sa’n hûndert jier werom yn de tiid, nei de havenstêd Rotterdam.

Dêr yn dy stêd oan 'e rivier de Maas, bekend om syn Euromast en syn rykdom, wennet Pietje Bell. Hy lûkt him niks oan fan earmoed, is posityf, sit fol mei grappen en mei him derby is it noait saai. Pietje wurket op 'e drukkerij en him kennende kin it noch wolris in binde wurde. Seker as bekend wurdt dat Keninginne Wilhelmina (dat is de beppe fan 'e mem fan Kening Willem Alexander) op besite komt yn Rotterdam mei har dochterke de kroanprinsesse Juliaantje.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Easterwierrum - Pietje Bell en de Binde fan 'e Swarte Hân.

Trailer

Spyldata

  • Tongersdei 22 juny om 20.30 oere
  • Sneon 24 juny om 20.30 oere
  • Snein 25 juny om 15.30 oere
  • Woansdei 28 juny om 15.30 oere
  • Freed 30 juny om 20.30 oere
  • Snein 2 july om 20.30 oere

Min waar en suksesopsjes: freed 23, woansdei 28 en tongersdei 29 july om 20.30 oere en snein 2 om 15.30 oere en freed 7 july om 20.30 oere.

(advertinsje)

Resinsje, skreaun troch Sieuwke Ferbeek

Op snein 2 july wie de alderlêste, sechste, útfiering fan Pietje Bell yn Easterwierrum. It wie de twadde kear dy dei dat it iepenloftspul útfierd waard. Troch it minne waar fan freed wiene der hjoed twa útfieringen. Best wol dreech. De earste foarstelling wie pas om seis oere ôfrûn, mar nei in pizza en efkes bekomme  stie de hiele ploech om healwei njoggenen al wer foar yn grôtfolle tribune mei in optein publyk.

It parkearjen en it paad wiene kreas oanjûn. Der wie kofje en snobbersguod te krijen foar oanfang fan de foarstelling. Wy krigen in echte Swarte Krante útdield wêr’t ynformaasje en de ferskes fan it stik yn steane. It dekôr wie prachtich boud, in wiere âlde fabryk mei in wurkjende printparse. Dat allinnich al wie in plaatsje, wat in wurk!

Pietje Bell lit him de wet net foarskriuwe en docht sels, mei de nedige ûndogenske opmerkingen, de oankundiging fan it stik (we meie bliid wêze dat de needútgong net tichtspikere is).

Ferrassend is dat net allinnich ús jongereinheld Pietje Bell mei spilet, mar ek Oliver Twist, Suske de Rat, Pippi Langkous, Dik Trom, Sietske en Hielkje Kramer en Eeltje Halbertma Ezn, dogge mei oan de Binde fan Kattekwea. Alle boeke- en telefyzjehelden binne op ferrassende wize paraat yn it stik dat skreaun is troch Peter Sybenga. Der wurdt prachtich songen, dûnse en sels rapt mei moaie muzyk en teksten. De klean binne sa suterich en en âld makke dat je suver begrutsjen ha mei de bern. Us helden binne en spylje sa as se wêze moatte, machtich moai om te sjen!

It ferhaal spilet him ôf yn 1920, it is krisis. De grutte minsken, kin ek net oars yn in berneiepenloftspul, wurde gelyk oan it begjin ûntslein en de bern wurde troch de hear Swart foar yn bytsje sinten oan it wurk set. De krante wurdt makke mei min nijs. Pietje en syn Binde wolle hjir graach feroaring in bringe. Dat bart mei de nedige humor, kattekwea, drama, en romantyk.

It hiele stik siet stik fol grappen en humor. 32 bern fan groep 7 en 8 sette sjongend en dûnsjend in geweldige foarstelling del. Fan jannewaris ôf is der twa kear yn ‘e wike oefene. Elk sjongt en seit syn tekst dúdlik en ek de aksinten en typen wurde perfekt delsetten.  De hoanne kraait ús op orizjinele wize elke nije dei  yn.

Nei ôfrûn is der, terjochte, in steande ovaasje. Wat in wille en nocht hat dizze kloft bern, alle eagen glinsterje en nei ôfrin sille se mei-inoar noch efkes gûle om’t it sa bysûnder wie,  seit it bestjoer. It wie ek om emosjoneel fan te wurden, sa’n  moaie opfiering it wie dizze lêste jûn!

As ik nei myn auto rin, rinne der in mem en har dochterke efter my oan. Se ha it deroer dat se hoopje dat it famke oer twa jier ék meidwaan mei oan sa’n barren. Dat is dochs wol de dream fan elk bern...

Sieuwke Ferbeek

(advertinsje)