Opsterlân - De Lytse Prins

It is it meast fertaalde boek út de Frânske literatuer: 'Le Petit Prince' fan skriuwer én piloat Antoine de Saint-Exupéry.  It berneboek oer de lytse prins giet folle djipper as dat je yn earste ynstansje tinke en sit grôtfol dûbele boadskippen oer it folwoeksen libben. Op de Bosheuvel yn Beetstersweach wurdt dit seizoen it iepenloftspul 'De Lytse Prins' brocht. In foarstelling foar jong en âld basearre op it boek 'Le Petit Prince'.

In piloat is fêstrûn yn de bosk fan Opsterlân en ferdwaald yn it libben. Al dy gelearde, grutte minsken dy’t o sa goed wisten wat goed foar him wie doe’t hy noch bern wie. Sy hawwe derfoar soarge dat hy himsels folslein kwytrekke is. En dan samar ynienen is dêr de Lytse Prins… Flechte fan syn asteroïde mei de apebreabeammen en de moaie, mar brekbere roas. Hy nimt de piloat mei op in reis troch de stjerren. Dêr moetsje se folwoeksenen dy’t har op ien of oare manier altyd wer te spot meitsje.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Opsterlân - De Lytse Prins.

Spyldata

  • Woansdei 24 maaie om 21.00 oere     
  • Freed 26 maaie om 21.00 oere
  • Sneon 27 maaie om 21.00 oere
  • Woansdei 31 maaie om 21.00 oere
  • Freed 2 juny om 21.00 oere
  • Sneon 3 juny om 21.00 oere
  • Snein 4 juny om 21.00 oere
  • Woansdei 7 juny om 21.00 oere
  • Freed 9 juny om 21.00 oere
  • Sneon 10 juny om 21.00 oere

Reservedata: snein 28 maaie en snein 11 juny om 21.00 oere.

(advertinsje)

Resinsje, skreaun troch Wopkje Bergmans

''Grutte minsken binne faak rare houtsjes.'' Ast oer it boskpaad nei de Bosheuvel tarinst wurdst al begroete troch Lytse Anton dy’t dy al benijd makket mei syn tekening: “Witte jo wol wat ik tekene ha?”

Op dizze unike lokaasje, mei hege sânbulten en in grouwe beamstronk, midden yn de bosk, dêr’t de fûgeltsjes noch drok dwaande binne, stiet in reade rikjende fleantúch, mei dêromhinne fjouwer útkyktuorren en in parasjute yn in beam. Hjir sil it daliks barre, ik bin benijd!

In piloat, dy’t delstoart is en ferdwaald yn de bosk, mar ek yn syn eigen libben it paad hielendal bjuster is, moetet in Lytse Prins, dy’t fan in asteroïde komt en ek yn de bosk fan Beetstersweach belânet. Se nimme ús tegearre mei troch harren libben en leare ús dat grutte minsken frjemde fratsen ha en mar nuvere houtsjes binne. Grutte minsken dy’t sa goed witte wat ‘goed’ foar in bern is, mar dêrtroch de wiere betsjutting fan it libben faaks ferjitte.

Nei it skoft wie de sfear noch mear betsjoend troch alle ljochtsjes, mar ek troch de echte stjerren en it skiere moantsje op dizze stille waarme simmerjûn. Fantastysk waard it stik delset troch de spilers, der barde hieltyd wat. Troch de moaie muzykkar fan de live-muzykgroep krige it iepenloftspul De Lytse Prins krekt wat mear.

De piloat spile syn rol mei faasje. Lytse Anton mei syn helder stimke en iepene blik op de wrâld die it ek hiel goed, mar wat foaral opfoel wie de ‘snik’ yn de yntonaasje fan Lytse Prins. Dy soarge derfoar dat der, troch syn wize libbenslessen, betiden échte triennen yn de eagen by it publyk kamen, dêr’t elkenien as der jûns nei de stjerren en yn it eigen hert sjocht noch wat fan leare kin.

KINST ALLINNICH MEI DYN HERT GOED SJEN.
WAT DER WIER TA DOCHT, KINST MEI DYN EAGEN NET SJEN!

Koartom in bysûndere jûn, op in bysûndere lokaasje, mei in bysûnder stik, mei bysûndere spilers en muzikanten. In oanrieder om der noch efkes hinne te gean.

De foarsjenningen wiene bêst genôch. By de entreepriis siet in konsumpsjemuntsje en yn it skoft koest gau oan dyn hapke en snapke komme. Ek om de húskes en it miggeguod wie bêst tocht.

Wopkje Bergmans

(advertinsje)