Spannum - It Kistke fan Sybrant Roorda

Yn juny wurdt der yn Spannum in iepenloftspul oer Sybrant Roorda opfierd. Yn 2014 kaam by de restauraasje fan de tsjerke syn grêfstien tefoarskyn. Wa wie dizze man? En wat hat hy betsjutten foar syn húshâlding, syn doarp, syn lân?

Yn it stik ‘It Kistke fan Sybrant Roorda’ komt alles ta libben. Syn moeting mei Maarten Luther, de striid mei Grutte Pier, mar ek mear persoanlike mominten út syn libben. It stik nimt de minsken mei troch lytse en grutte skiednisferhalen en lit harren de midsiuwen rûke, priuwe en belibjen. Dit unike barren wurdt brocht mei humor, in bytsje earnst en in knypeach nei de hjoeddeiske tiid. Ek witte wat der yn it Kistke sit? En hokker kaai der past op it slot fan de skiednis en de takomst?

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Spannum - It Kistke fan Sybrant Roorda.

Spyldata

  • Tongersdei 15 juny om 20.00 oere
  • Freed 16 juny om 20.00 oere
  • Sneon 17 juny om 13.30 en 20.00 oere
  • Snein 18 juny om 20.00 oere

Min waar en suksesopsjes: snein 18 juny, tiisdei 20 juny en woansdei 21 juny om 13.30 oere

(advertinsje)

Resinsje, skreaun troch Minne van Wieren

In Wâldpyk yn Spannum. Foar my leit Spannum efter Ljouwert. Fan it smûk skaadzjend beamtegrien fan Kollumersweach nei de keale romten fan Littenseradiel is in lange, nijsgjirrige reis. Dêr yn Spannum wenne yn in fier ferline (1465-1550) jonkhear Sybrant Roorda. By de restauraasje fan de Spannumer tsjerke yn 1914 waard syn grêf weromfûn.

Yn de teäterfoarstelling ‘It kistke fan Sybrant Roorda’ komme wy in tal persoanen tsjin, dy’t in rol spile hawwe yn syn libben. In opfallende ferskining is Karel V, de kening fan Dútslân, Spanje en Nederlân. Hy wurdt prachtich delset as in geile keardel, dy’t it net sa nau nimt mei de noarms en wearden. In oar, in man dy’t de fleur deryn bringt, is de oersekste pastoar, dy’t nei in besite oan de Weaze yn Ljouwert de tsjerke fan Spannum binnenkomt om ôflaten te ferkeapjen.

De tsjerke fan Spannum is ek it startpunt fan it belibbingsteäter. Wy meitsje nammentlik as publyk diel út fan it libben fan Sybrant Roorda. Mei in mûtse op’e holle en in cape om de skouders krige ik mei al dy oare besikers in ymposante rûnlieding troch in sfearfol Spannum, want it hiele doarp azemet de midsiuwen. Sa binne wy tsjûge fan de brulloft fan Roorda syn ‘net sa kreaze’ dochter en de jierdei fan syn soan, beide mei in drankje en in flaubyt.

Yn it hiele stik binne heden en ferline troch de regy op ferrassende wize mei-inoar ferbûn. Tusken al dy figueren út de midsiuwen komt de froulike notaris Parrebeam op in racefyts foarby en is Nancy yn in stikkene spikerbroek en mei in mobyltsje in frisse ferskining.

Oan ‘e ein fan it stik komme alle besikers fan de begraffenis fan Sybrant wer byinoar op it doarpsplein fan Spannum om dêr mei-inoar in wiere fjildslach te leverjen tusken de Fetkeapers en de Skieringers. En opnij is is Sybrant (yn in treflike rol) de fredestichter. Nei dat hichtepunt sjocht in âlde Sybrant mei syn bernsbern werom op syn libben. De jongerein fan Spannum fertsjinje in grutte plom foar harren rollen yn dit stik!

Dêrnei wurdt de spanning opnij opboud, want wat sit der yn it kistke fan Sybrant Roorda, dat al generaasjes lang fan heit op soan gien is? It kistke bliuwt ticht en wy krije de opdracht mei om sels wat fan it libben te meitsjen, want wy kinne eins alles mar efkes fêsthâlde.

Sa gean ik nei in bysûndere teäterjûn werom nei it smûk skaadzjend beamtegrien fan Kollumersweach. Ik kom fêst in kear werom nei Spannum.

Minne van Wieren

(advertinsje)