Berltsum - BAUCK!

  • Trailer BAUCK!

It teäterprojekt fan de stichting Grut Hermana giet oer de earste Fryske frijheidsstriidster Bauck van Hemmema, de Fryske Jeanne d'Arc. Sy waard op Skylge berne as Bauck van Popma en de âldmuoike fan Grutte Pier. Sybe Joostema makke fan har spektakulêre libben in ferhaal.

It teäterspektakel wurdt opfierd yn it Hemmemapark yn Berltsum. Dat wie ek it plak dêr't Bauck trije kear it Hemmemakastiel (dat foar in part yn ‘e Middelsee stie) mei faasje ferdigene hat. Bauck! spilet him ôf oan de ein fan de midsiuwen. It ferhaal draait om Bauck van Popma. Se fersloech in oanfal op it slot Hemmema yn Berltsum, dêr't se mei har man Doecke van Hemmema wenne. Bauck van Popma wurdt sjoen as strider foar de ienheid fan Fryslân. Letter wurdt se op fersyk fan har tsjinstanners fêstset yn de finzenis fan Grins.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Berltsum - BAUCK!.

Spyldata

Alle foarstellingen fan BAUCK! binne útferkocht!

  • Freed 30 juny​ om 21.00 oere (útferkocht)
  • Sneon 1 july​ om 21.00 oere (útferkocht)
  • Woansdei 5 july​ om 21.00 oere (útferkocht)
  • Freed 7 july​ om 21.00 oere (útferkocht)
  • Sneon 8 july​ om 21.00 oere (útferkocht)
  • Woansdei 12 july om 21.00 oere (útferkocht)
  • Freed 14 july​ om 21.00 oere (útferkocht)
  • Sneon 15 july om 21.00 oere (ekstra foarstelling: útferkocht)
(advertinsje)

Resinsje, skreaun troch Frank de Wilt

Paria op Skylge, heldinne fan Berltsum

It ferhaal is bekend. In ûnbestimde en net winske leafde. In dochter fan adel en in soan fan simpele komôf. Dat botst. Fêst op in eilân as Skylge. It publyk yn it Hemmemapark makket kwealik kennis mei Bauck of de eilânbewenners bombardearje har al ta paria fan Skylge. “Nimmen dy’t dy noch lije mei”, snerpet it koar rjochting spylster Marieke Swart.

Jierren letter moetsje Bauck en Silk inoar wer. Bauck is ûnderwilens troud en wennet op Hemmemastate mei Doecke Hemmema. It lot wol dat Silk harren beskermhear is. Wannear’t Doecke op diplomatike reis giet, slaan Grinzer Friezen en Dútske hierlingen ta en ûntploait Bauck har oant fersetsheldinne op Hemmemastate.

Fan minút ien ôf reint it freedtejûn yn Berltsum. Dat makket de prestaasje fan Bauck heroysk, mar net per se better. De wyn en de rein spylje in ferfelende rol troch de fersteanberens te behinderjen. Op guon mominten is it folslein ûndúdlik wêrom’t regisseur, Grytha Visser, de premjêre trochgean lit. Neat dan lof foar de spilers dy't harren nearne troch behinderje litte en sûnder iennige foarm fan selsbeklach yn en út it wetter springe. Tjarda Schiphof wit te oertsjûgjen as arrogante Maria fan Zevenbergen dy’t gewikst op syk is nei in heit foar har, ûnberne, bastertbern.
Spannend wurdt it ûnder it slot fan it stik. Bombastyske muzyk klinkt op it momint dat Grinzer Friezen en Dútske hierlingen it kastiel fan Bauck bestoarmje. Dy lêste is ree om
‘’by need de frijheid fan Fryslân mei har eigen bloed te bekeapjen’’. De lokaasje fan dizze bestoarming is unyk. It neiboude Hemmemastate stiet op eksakt itselde plak as it orizjineel, 500 jier lyn.

Spitigernôch is it spul net altyd like suver en hjir en dêr slûpt der in hinderlike rûgens yn. Akteurs dy’t net op of om sjogge as Bauck duchtich har swurd lûkt of rêstich ôfwachtsje oant sy folslein ôfbrând binne om dêrnei bedêst fuort te kuieren. Ek is it mar de fraach of Bauck oan de ein fan de 15de iuw al fan har Frânske gelikens, Jeanne d’Arc, heard hat.

Op de keper beskôge is it mear as spitich dat it waar sa’n mei klam sa’n stimpel op BAUCK! drukt hat. Wis ast nei it diene wurk sjochst. Fan Nienke Bosk dy’t 60 kostúms ûntwurp, de kast dy’t alle wiken oefene hat en it bestjoer dat alles oant yn de puntsjes regele. In parkearplak, tinte mei oanwêzige húskes, in ljochtsnoer en suppoasten foar publyksbegelieding fan en nei de tribune. Op dat BAUCK! it spektakel is dat it fertsjinnet te wêzen.

Frank de Wilt

(advertinsje)