Kollumersweach - Tsjoensters fan Ie

  • Trailer Tsjoensters fan Ie
  • It dekôr fan Tsjoensters fan Ie.
  • Op 'e set by Tsjoensters fan Ie
  • Wêr giet Tsjoensters fan Ie oer?

Masquerade Theater lit dizze simmer wer fan har hearre mei in nije iepenloftspulproduksje: de Tsjoensters fan Ie. Op dit stuit binne alle frijwilligers al drok dwaande mei de tariedingen: teksten skriuwe, muzyk komponearje, dekôr ûntwerpe, repetearje en alles wat noch mear dien wurde moat.

Tsjoensters fan Ie is ynspirearre op de fjouwer jiertiden, de fjouwer wynrjochtingen en in autentyk Frysk ferhaal De reus sûnder hert, dit gehiel mei in knypeach nei De Tovenaar van Oz en oare mearkes. In echte bernefoarstelling, fol fantasy. Dit komt ek ta utering yn de manier wêrop't de materialen brûkt wurde. It miljeu stiet heech yn it findel: hjirom wurdt der troch de jongerein duorsum en bewust wurke, troch op de recycle toer te gean.

Yn it lân fan Ie is in striid geande om de macht oer it lân. It liket oft de kweade kant oan de winnende hân is. Mar hjir komt feroaring yn wannear't der ynienen trije frjemdlingen op besite komme. Harren ûnferwachte besite stjoert alles yn it hûndert. Al hielendal wannear't sy help krije fan de Grutte Guchelder... In ferhaal oer goed en kweade, wêrby't bliken docht dat wannear'tsto dyn hert, harsens en goede moed brûkst, it altyd wer goed komt.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Kollumersweach - Tsjoensters fan Ie.

Spyldata

  • Freed 7 july om 20.00 oere
  • Sneon 8 july om 20.00 oere
  • Freed 14 july om 20.00 oere
  • Sneon 15 july om 20.00 oere

Min waar/suksesopsjes: snein 9 en 16 july om 15.00 oere

(advertinsje)