Jorwert - It wûnderlike foarfal mei de hûn

It Iepenloftspul Jorwert makket yn 2017 in multymediaal spektakel. Rûnom yn de Notaristún komme projeksjeskermen te stean. It publyk wurdt mei fideobylden meinommen yn de wrâld en yn de holle fan in jonge mei autisme.

It wûnderlike foarfal mei de hûn is de Jorwerter bewurking fan it boek 'Het wonderlijke voorval met de hond in de nacht' fan Mark Haddon. It ferhaal giet oer in jonge fan 15. Hy hat it syndroom fan Asperger, in foarm fan autisme. De jonge ken alle lannen fan de wrâld mei harren haadstêden en alle prymgetallen oant 7507 út ’e holle. Mar mei grapkes wit er him gjin rie. Nea komt er allinne de strjitte út, mar as de hûn fan de buorfrou fermoarde wurdt, wol er de wrâld yn. It publyk giet mei op syn reis, op syk nei de moardner fan de hûn en mei yn alles wat er ûnderweis belibbet.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Jorwert - It wûnderlike foarfal mei de hûn.

Spyldata

  • Tongersdei 31 augustus om 20.30 oere (Try-out)
  • Freed 1 septimber om 20.30 oere (Jorwerter Jûn)
  • Sneon 2 septimber om 20.30 oere (Premjêre)
  • Tiisdei 5 septimber om 20.30 oere
  • Freed 8 septimber om 20.30 oere
  • Sneon 9 septimber om 20.30 oere
  • Freed 15 septimber om 20.30 oere
  • Sneon 16 septimber om 20.30 oere
  • Freed 22 septimber om 20.30oere
  • Sneon 23 septimber om 20.30 oere
  • Tongersdei 28 septimber om 20.30 oere
  • Freed 29 septimber om 20.30 oere
  • Sneon 30 septimber om 20.30 oere
(advertinsje)