Tomkeradio

24 oeren deis de leukste ferhaaltsjes en ferskes

    Efkes harkje nei in ferhaal fan Bear Boeloe, de aventoeren fan Tomke of de moaiste Fryske ferskes? Dat is allegearre mooglik op de nije ynternetstjoerder fan Omrop Fryslân: Tomkeradio. 24 oeren deis online Fryske berneradio. Tomkeradio wurdt op snein 18 oktober lansearre.

    Ferhaaltsjes en ferskes

    Tomkeradio is der foar bern tusken de 2 en 7 jier âld. De hiele dei binne der sawol ferskes as ferhaaltsjes te hearren op it ritme fan de dei. Dat betsjut: moarns ferskes en ferhaaltsjes foar de lytste bern en middeis ferskes en ferhaaltsjes foar de wat gruttere bern. En wa lêst der fan ‘e jûn foar? Tomkeradio fansels! Om bêdtiid hinne binne der in oere lang Tomke ferhaaltsjes te hearren op de stjoerder.

    Tomke op televyzje

    Tomke is alle wykeinen op sneon en snein om 7.20 en 8.20 oere te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Mear Tomke is te finen op tomke.nl.

    (advertinsje)