Strjitten en grêft noch ôfset

20 okt 2013 - 10:37

De Kelders, de Minnemastrjitte en de Poststrjitte bliuwe foarearst ôfsletten, omdat ferskate gebouwen op ynstoarten stean. Fan guon wenningen en winkels stiet allinnich de foargevel noch oerein.

De grêft is ek ôfsletten. Under de wâlskantmuorren binne tûzenen liters bluswetter rûn. Dêrtroch is mooglik sân fuortspield en kinne strjitten ynienen ynsakje. It markante gebou op de hoeke is wûnder boppe wûnder sparre bleaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)