Stimwizer op strjitte

19 okt 2013 - 13:52

Yn Ljouwert is sneon op in politike merk de stimwizer presintearre yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezings fan 13 novimber. De fragelist is net allinnich online en foar de smartphone, mar ek yn in strjitferzje te dwaan. Troch it plakken fan stickers oer ûnderwerpen koene minsken sneon in stimadvys krije. Der binne de kommende tiid noch tal fan aktiviteiten yn de nij te foarmjen gemeente Ljouwert.

De stimwizer is te ek finen op www.stemwijzer.nl/leeuwarden.

Yn it ramt fan de ferkiezingskampanje binne ek op oare plakken yn Fryslân aktiviteiten lykas politike debatten. Troch weryndieling ferdwynt in tal gemeenten. Se gean op yn trije nije gemeenten: Fryske Marren, Ljouwert en Hearrenfean.

Trefwurden: 
stimwizer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)