Makelerij Sanne Wind fallyt

17 okt 2013 - 12:14

Makelerij Sanne Wind yn Boalsert is fallyt. Dat is in gefolch fan de minne situaasje op de wenningmerk. Wind wie in ferneamd bedriuw yn de Súdwesthoeke. It hat 27 jier bestien, mar de lêste jierren wurken noch mar twa minsken op it kantoar.

Yn de goede tiid ferkocht Sanne Wind goed hûndert wenten yn it jier. Dat is no tebekrûn nei tritich. Yn augustus is de bank om help frege en dy hat dat wegere. Wind hat sels it fallisemint oanfrege. 'Dat wie heftich om te dwaan', sei er.

Trefwurden: 
fallyt makelerij Sanne Wind
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)