Lokpeal sweltsjes gjin súkses

11 okt 2013 - 16:42

In lokpeal foar sweltsjes yn de wenwyk De Swel op De Jouwer is gjin súkses. De sweltsjes meitsje der gjin gebrûk fan. Der stiet al fjouwer jier lang in peal mei tritich nêsten dy't bedoeld binne foar sweltsjes om te brieden. Mar it wachtsjen is noch altyd op it earste briedpearke.

De fûgelwacht fan De Jouwer hat al in lûdsynstallaasje mei it lûd fan sweltsjes yn de peal set. Mar mei of sûnder lokrop, de sweltsjes wolle noch net komme. Se briede leaver ûnder de pannen fan de huzen yn de wyk.

Tonny de Jong fan de fûgelwacht fan De Jouwer hopet dat der takom jier wol gebrûk fan makke wurdt fan de sweltsjepeal.

Trefwurden: 
De Jouwer sweltsje lokpeal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)