17 °C
17 °C
Appke
Appke
Voorpagina
Voorpagina
Net binnen
Net binnen
Live
Live
Zoeken
Zoeken
Instellingen
Instellingen
Thuis
Nieuws
Sport
Cultuur
TV
Radio
Podcasts
Dossiers
TV
Radio
Overzicht
TV Gids
TV programma's
Sortering
Chronologisch
Chronologisch
Alfabetisch
Noardewyn live
Alle sneontejûns op telefyzje it muzikale doarpsplein fan Fryslân. Livemuzyk yn de Noardewynstudio. Noardewyn Live: net te missen, net te hâlden!
Tjits Floch
Famylje floch fan Tjits, Jelke en harren bern. Alle dagen belibje se wol wat en litte dit sjen yn in kompilaasje.
It Waar
It aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
Fryslân Hjoed
Fryslân Hjoed mei it nijs fan de dei en de ferhalen efter dat nijs, mei langere reportaazjes, live ferbinings, studiopetearen en spesjalisten oan it wurd.
It Polytburo
Polityk programma wêryn't alle freeds in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
NOS Nieuws van de week
Omrop Fryslân stjoert it NOS Nieuws van de Week út op telefyzje. Dit is in wykliks sjoernaal fan tsien minuten yn maklike taal.
HEA!
HEA! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl.
Sportcast op tv
Yn de Sportcast op tv praat de fêste sportploech fan Omrop Fryslân dy by oer de ferskate sporten, altyd mei in Frysk rantsje. No ek te sjen op telefyzje.
Fytsalvestêdetocht
Omrop Fryslân folget de fytsers yn harren 235 kilometer lange tocht fan Boalsert oant Boalsert
FryslânDOK
Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
Tsjerketsjinst
Alle sneinen en op kristlike feestdagen is der by Omrop Fryslân in tsjerketsjinst live op telefyzje. Alle moannen út in oare tsjerke wei.
It Grut Frysk Diktee
It Grut Frysk diktee is op woansdei 24 maaie te sjen by Omrop Fryslân. De dikteetekst is dit jier skreaun troch sjongeres Iris Kroes.
De maitiidsswalker
Yn dizze searje giet Remco de Vries op ûndersyk út nei de maitiidsmerakels fan Fryslân
Deadebetinking
De betinking yn de Prinsetún yn Ljouwert is live te folgjen by Omrop Fryslân.
Leen een Fries
Njoggentjin wiken lang miny-dokumintêres oer Fryske ynwenners yn Leen een Fries. De dokumintêres binne makke troch fiif jonge filmmakkers út Fryslân. Dit soarget foar allegear hiele ferskate portretten.
Fan binnenút
Miranda Werkman sjocht yn dizze searje fan ‘Fan binnenút’ efter de skermen by de Plysje.
Moai wie dy tiid op TV
Op Peaskemoandei nimt Omrop Fryslân dy middeis fan 13.00 oant 18.00 oere mei werom yn de tiid.
Frjemdling yn Jeruzalem
De Fryske passy 'In frjemdling yn Jeruzalem, de passy fan in sjenner' is nochris te sjen by Omrop Fryslân
Kletterdei Konsert
Op sneon 18 maart fersoargje ynternasjonaal konsertoargelist Eeuwe Zijlstra en NASKA Braas United in kletterjend muzikaal programma yn de Martinitsjerke yn Boalsert. It is in muzikale oade oan fiif jier 11 Fountains yn Fryslân.
Skipsbou foar begjinners
Yn tsien ôfleveringen giet presintator Emiel Stoffers by tsien ferskillende skipswerven del om in dei mei te rinnen om ús sjen te litten wat dêr allegearre bart.
NNO konsert
Yn gearwurking mei it Noord Nederlands Orkest stjoert Omrop Fryslân regelmjittich konserten út. It earst folgjende konsert wurdt útstjoerd op tongersdei 20 april om 20.15 oere. Werh. snein 23 april om 19.30 oere
Friesian Proms
De Friesian Proms binne fan 20.30 oere ôf live te folgjen fia livestreams op de Omrop Fryslân webside en app. Mei optredens fan ûnder oaren Waylon, Hans Klok en Samantha Steenwijk. Snein15 jannewaris fan 19.30 oant 22.30 oere in kompilaasje fan de Friesian Proms.
Hynstekeuring
De jierlikse hynstekeuring fan de KFPS live te folgjen by Omrop Fryslân 12, 13 en 14 jannewaris. Te folgjen fia meartalige livestreams op ús webside en de Omrop-app en de lêste dei live te folgjen op telefyzje.
De Fryske Nije
Yn de Fryske Nije wurde jonge artysten út ús provinsje, dy't gewoanwei yn it Nederlânsk of Ingelsk sjonge, útdage om Frysktalige nûmers út te bringen.
Foarútsjen mei Reitse
Reitse makket fegetaryske oesterswamshoarma mei bitesalade. Dat docht hy tegearre mei Wander Oele fan Fryslân Fungies. Oan tafel praat Miranda mei trije ûndernimmers:Dorien Beijk, Jeroen Dijkstra en Jitty Maurits.
Stjer
Yn de film wurdt Hûnekopsjonger Emiel Stoffers folge, nei al it sukses is hy in minpunt wurden. Undertusken komme hieltyd mear artysten om. Geandewei docht bliken dat it om in searjemoardner giet, dy't it op Fryske sjongers fersjoen hat. Slagget it Emiel om te feroarjen?
Fljimsk
' Wêr sil dit hinne..... ' Teaterprogramma mei Gryt Wiersma, Piter Wilkens en Minze Dijkstra.
Plant
Plant is in muzikale reis fan sjongeres Nynke Laverman. Yn Plant wikselet Nynke kwetsbere, ile soundscapes ôf mei beats en Spoken Word
Jieroersjoch
Yn it Fryslân Hjoed Jieroersjoch nimme wy de sjogger noch ien kear mei nei de wichtichste nijsûnderwerpen fan it ôfrûne jier.
Wat Soesto!
Wat Soesto! ” giet oer it boerelibben fan no en alles wat dêrmei anneks is.
Baas Giele Taksy
Tribute oan Joni Mitchell
Hjerstswalker
De suksesfolle natuersearje 'de maitiidsswalker' krijt dizze hjerst en winter in ferfolch. Natuersjoernalist Remco de Vries giet op 'en paad as 'de hjerstswalker' op syk nei de moaiste plakjes yn de Fryske natuer. Moandei 31 oktober is de earste ôflevering te sjen.
Fryske top 100 op TV
It is âldjiersdei en dat betsjut mar ien ding: de Fryske top 100! Wy litte de hiele dei foto's op telefyzje sjen. Hasto in moaie foto makke by de krystbeam of by it karbidsjitten? Stjoer dyn foto of berjocht yn fia de app fan Omrop Fryslân.
Fryslân Hjoed Ekstra
Fryslân Hjoed Ekstra is in spesjale edysje fan it nijsprogramma Fryslân Hjoed.
Byt!
Tamme Smit giet op ’en paad en fiskjen mei bekende Friezen. It perfekte momint foar in goed petear.
IFKS Sjoernaal
Omrop Fryslân sil dit jier op syk nei de ferhalen achter de IFKS. Wat makket dizze klasse eigen? Wa sile der yn mei? En wêrom dogge se dat eins? Alle dagen te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân.
FK fierljeppen
Streekrjocht ferslach fan it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum. En jûns om 21.00 oere is in gearfetting fan de wedstryd te sjen.
Skûtsjesilen
Fan sneon 30 july o/m freed 12 augustus docht Omrop Fryslân wer ferslach fan it SKS. Mei middeis de wedstriid en jûns in kompilaasje hjirfan.
Ferhalen fan de Ofslútdyk
Yn Ferhalen fan de Ofslútdyk wurdt it ferhaal fan dit ikoanyske bouwurk ferteld troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe.
Expeditie Nederland
Expeditie Nederland is in programma fan de regionale omroppen by Omroep MAX. Regionale ferslachjouwers dûke yn ferskate tema's.
Nijsgjirrich
Yn totaal seis portretten sjogge we hoe't de haadpersoanen presintatoaren Eva en Michaël alles leare oer harren talint.
Melle-Jan Lijf!
Yn de dokumintêre 'Melle-Jan Lijf!' fertelt de striidlustige bluesmuzikant Melle-Jan Kleisma oer syn libben foar, en mei Parkinson.
WeromropTV
In weromblik yn it Omrop Fryslân argyf. Mei kompilaasjes fan programma's dy't útstjoerd binne yn de jierren 2000.
De Bloeizone Fryslân Tour
Dit is een driedaagse internationale wedstrijd voor vrouwen.
Weromsjen mei Reitse
Reitse sjocht werom op it jier mei Friezen dy't dit jier yn it nijs west hawwe.
Thúsakademy
De Academie van Franeker en Omrop Fryslân bringe kolleezjes fan trije topwittenskippers yn de Thúsakademy.
Hoe hat it libben harren kleure?
Tomke 25 jier! De aventoeren fan Tomke, Romke, buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangoeroe. Wa ken se net?
Bûtenpleats
It ferhaal fan de staten yn Fryslân
Fryslân Fit
Fryslân Fit alle dagen kinne jo meidwaan om fit te bliuwen
Keninklike besite
In kompilaasje fan alle keninklike besites yn Fryslân.
Maarten van der Weijden
In kompilaasje fan de 11-stêdenswimtocht dy 't Maarten van der Weijde swom yn 2019.
Myn Skip
Hûndert jier skûtsjehistoarje yn muzyk, yn byld, dûns, teäter en ferhaal wurdt fertaald nei in muzikaal teäterstik.
De Oertocht
Yn De Oertocht is Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Jierliks stappe tûzenen reizgers op de fearboaten fan It Amelân en Skiermûntseach. Hoe ferfolgje sy harren reis as se de oertocht makke hawwe?
Fan ús
In searje fan fiif ôfleveringen dêr't we sjogge hoe't it efter de skermen wurket by it Fries Museum.
Europa foar begjinners
Wat is Europa eins en wat hawwe de ynwenners deroan? Yn de wike foar de Europeeske ferkiezingen jout Omrop Fryslân antwurd op dy fraach yn it programma 'Europa foar begjinners'.
It wetterskip
We binne yn Fryslân al iuwen dwaande mei wetter. Wetter is ús freon, mar ek ús fijân. Yn in rige fan trettjin ôfleveringen sjocht Omrop Fryslân wat der yn Fryslân allegearre bart oan dat wetterbehear.
It bêste fan LF2018
Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' makke. Hjoed in kompilaasje fan it hiele jier.
Frysk Sjongers Gala
It Frysk Sjongers Gala mei Griet Wiersma, Piter Wilkens, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Basile Maneka, Denise Rivera. Andries de Vries, Di Gojim en noch folle mear.
Froulju fan Fryslân
Hast twahûndert froulju waarden nominearre, seis dêrfan krije in echt stânbyld. Wa binne de froulju efter dy bylden?
Reuzen fan Royal de Luxe
Sjoch nei de moaiste bylden fan de earste foarstelling fan de Reuzen, makke op freed 17 augustus.
Fol Fjoer
Fol Fjoer is in telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân oer de fjouwer Fryske simmersporten: it keatsen, it skûtsjesilen, it fierljeppen en it konkoers hippyk.
Friezen om utens
Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'?
Romte
Yn Romte folgje we boargers dy't sels mei harren omjouwing oan de slach gean. Yn guon gefallen idealisten dy't de wrâld in bytsje moaier meitsje wolle.
Fiel de nacht
Presintator Bart Kingma praat mei bysûndere Friezen oer har libben en driuwfearren op ien fan de tsjusterste plakken fan Flylân. Fan twadde krystdei ôf is it programma yn fiif ôfleveringen te sjen.
Teken fan libben
Raynaud Ritsma giet op syk nei de ferhalen efter bermmonuminten. Neibesteanden en helpferlieners fertelle oer hoe't sy harren ferlies ferwurkje en hoe't se sûnt it ûngelok yn it libben stean.
Fiel de dei
Waadeilannen binne ryk oan passanten en mei dy passanten, minsken en fûgels, as riede tried hat programmamakker en sjoernalist Remco de Vries in portret makke fan Flylân.
Stille skatten
Ferstoppe tusken âld papier, stof en oar guod lizze stille skatten yn Fryske musea te wachtsjen om ûntdutsen te wurden. Sjoch mei ús mei op de souders en yn de kelders.
Moai Fryslân
De moaiste provinsje fan Nederlân. Sa wurdt Fryslân neamd. It makket ús grutsk. Mar hoe geane wy yn de werklikheid mei ús lânskip om. En hokker ynfloed hawwe wy as boarger op de ynrjochting fan dat lânskip. Yn Moai Fryslân bringt Omrop Fryslân yn gearwurking mei Lânskipsbehear Fryslân en de Fryske Miljeufederaasje yn kaart hoe’t wy Fryslân yn al syn ferskaat ynrjochte hawwe.
Titus Brandsma
Ekstra útstjoering yn it ramt fan de hillichferklearring fan Titus Brandsma.
PC Frjentsjer
Woansdei 3 augustus is de PC yn Frjentsjer wer live te folgjen op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online. Op telefyzje fan 14.00 oere ôf.
Juster
Hawwe jo juster in programma mist, dan kinne jo dy programma's wer werom sjen yn it programma Juster fan 09.00 oere oant 13.00 oere.
Tsjiltsje
Tsjiltsje is in programma foar bern tusken de 2 en de 8 jier. In ferskaat oan programma's komme foarby û.o. Kening Hert & Harry Hazze, Tomke, Bear Boeloe, André en Alfred en noch folle mear.
TsjilTV
TsjilTV mei Tomke, Kening Hert & Harry Hazze, Bear Boeloe, WitWat en Wat tekenje ik.
De Zilveren Bal
De Zilveren Bal is de wrâld rapste reedrydshow en fynt woansdeitejûn 8 maart foar de sânde kear plak yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. Sprinten, rjocht ta rjocht oan, dat is de essinsje fan dizze reedrydshow.
De Duif
Filmclub Kleare Kimen út Ljouwert hat de ôfrûne jierren twa koarte spannende spylfilms makke.
Visit Friesland Elfsteden Race
Zondag 6 maart 2022 vindt de Visit Friesland Elfstedenrace plaats. Een internationale wielerwedstrijd met de UCI 1.2. status.
Erfskip
Een documentaire gemaakt door Daan Visser, waarin de familie Van Klink centraal staat.
Goeiemiddei
Mei nijsgjirrige petearen, de bêste muzyk, de leukste spultsjes en do krijst alle romte om mei te praten.
Natueriismaraton
Omrop Fryslân stjoert jûn de maraton yn Burgum live út op telefyzje en fia de webside en app. Om 18.30 oere gean de froulju fan start en om 19.30 oere de manlju.
Liet Ynternasjonaal
De finale fan Liet Ynternasjonaal wie op freed 13 maaie. Op Himelfeartsdei stjoert Omrop Fryslân in gearfetting út fan de finale op telefyzje.
Op & Ut op TV
Op & Ut, it kulturele radioprogramma fan Omrop Fryslân is sneontemoarn ek te folgjen op telefyzje. Rjochttreeks út de radiostudio wei.
Sis it mar! op tv
Sis it mar!
Dilemma
Filmclub Kleare Kimen út Ljouwert hat de ôfrûne jierren twa koarte spannende spylfilms makke.
Noardewyn Live op it befrijingsfestival
Noardewyn Live op it Bevrijdingsfestival Fryslân.
FryslânDOK sjocht fierder
FryslânDOK stjoerd dizze wike in oantal films út
Underweis
Thús, op dyn wurk, of ûnderweis nei hûs prate Eric Ennema en Jan Dirk de Haan dy by oer it nijs fan de dei en de eftergrûnen by it nijs,
HT Roeirace
Live te folgjen de 48ste Harlingen - Terschelling roeirace.