HEA!
Terugkijken

HEA!

23 maart 17:15 - 17:30

In teeservys, in hegedrukspuit of in fitnessapparaat... je kinne it sa gek net betinke as it is wol te keap op de feiling yn de maneezje fan Stynsgea. Ien kear yn'e moanne komme dêr nei de ponymerk de meast bysûndere saken ûnder de hammer. Der wurdt drok skoffele, wjudde en opromme by de entree fan Appelskea. De mannen fan de grienfoarsjenning soargje der foar dat de perkjes der wer keurich by lizze.

HEA!

22 maart 17:15 - 17:30 Bewenners fan de Meester Lokstrjitte yn Ravenswâld seagen wol wat moais yn de stam fan in ôfseage bûkebeam yn harren strjitte. Nei wat tsjinakseljen fan de gemeente kaam der dochs grien ljocht. En sa waard beamseachkeunstner Jeroen Boersma ynskeakele om der in moaie skulptuer fan te meitsjen.  As jonge woe hy altyd al it leafst achter de sjauffeur yn de bus sitte, sadat hy sjen koe hoe 't alles gie. En noch is Thijs van de Bles fan Sonnegea gek op bussen. Doe't de giele streekbussen der út giene, kocht hy sels ien op. En dat waard it begjin fan in ridend busmuseum, offisjeel de Stichting Openbaar Vervoer Collectie Nederland (OCVN). 

HEA!

21 maart 17:15 - 17:30 Sjoerd van der Meer hat in âlde Magirus Deutz hielendal opknapt. De frachtwein hat in bysûndere namme: Sjoch ris heit. Douwe en Jolanda ten Hoor slaan geregeld in baltsje op de tennisbaan fan Appelskea. 

HEA!

16 maart 17:35 - 18:00 Tiemen Cloo fan Gersleat is 81 jier en fan jongs ôf al sljocht mei skiep en hy hat se ek altyd hân. Op it stuit hat hy noch tolve skiep en de lammerij is ek al begûn. It kaam him wol wat oer it mad. Klaske en Douwe Wijbenga binne wol gauris efkes oan de kuier yn de buert fan Bitgum. Steefêst nimme se dan in pûde en in tang mei om it swalkôffal dat se tsjinkomme op te romjen.

HEA!

15 maart 17:15 - 17:30 Keunstners-duo Joris Collier en Gerdie de Jong fiert yn de Breedstrjitte yn Dokkum in bysûndere beare-act op. Se wolle minsken bewust meitsje fan harren omgong mei bisten. Melle van der Goot en Geart Postma binne op ynspeksje yn Bitgummole. Under de Menamerdyk troch moat in nije gaslieding komme. Dat is noch wol needsaaklik, ek al is it de bedoeling dat we sa stadichoan fan dizze fossile brânstof ôf gean.