Weromsjen mei Reitse
Terugkijken

Weromsjen mei Reitse

23 december 2021 17:30 - 18:00

Weromsjen mei Reitse: Inez Timmer Op tongersdei 23 desimber is it oan Inez Timmer om wat lekkers op tafel te setten mei Reitse en Miranda. Inez hat dit jier net stilsitten: yn it foarjier fierde se mei Tseard Nauta de foarstelling Holocaust-Hollywood op yn de kelder fan it Ljouwerter Comenius, yn july wûn se it Ouderen Songfestival en dit neijier is har foarstelling 'Mijn schitterende scheiding' yn premjêre gien. Fan jannewaris ôf stiet it projekt 'Joni Mitchell' op de planning: Inez sjongt in hiele plaat fan de wrâldferneamde sjongeres yn it Frysk. Dochs wie it net in maklik jier foar Inez. Fanwege de coronamaatregels moasten in soad foarstellings ôfsein wurde. Boppedat fernimt se dat it sawiesa hieltyd dreger wurdt om har foarstellings programmearre te krijen yn de sealen. Yn de útstjoering stiet in hearlik fegetarysk haadgerjocht op it menu: linzecurry mei pompoen en finkelslaad.

Weromsjen mei Reitse

24 december 2021 17:30 - 18:00 Weromsjen mei Reitse: Bert Looper Op de lêste jûn fan Weromsjen mei Reitse, op freed 24 desimber, komt Bert Looper by Reitse en Miranda del yn de keuken: de man dy't jierrenlang it gesicht wie fan Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar. Hy hat in soad tiid stutsen yn it presintearjen fan de Fryske skiednis op in fernijende wize. No is it tiid om it stokje troch te jaan. Bert sit al fol plannen foar de kommende tiid: boeken skriuwe en ferhalen fertelle. En nijsgjirrich foar Reitse: hy wit ek in soad ôf fan de Fryske yt - en keukentradysjes troch de iuwen hinne. Op de lêste jûn is it fansels tiid foar in hearlik krystdessert: sûkerbôle beignets mei giele rjemme.

Weromsjen mei Reitse

22 december 2021 17:30 - 18:00 Weromsjen mei Reitse: Alyda Norbruis Op woansdei 22 desimber komt Alyda Norbruis del yn de keuken by Reitse en Miranda. 2021 wie nochal in jier foar de hurdfytster. Nettsjinsteande har grutte ambysjes om mei te dwaan oan de Paralympyske Spelen yn Parys fan 2024, moast se yn septimber beslute om op te hâlden mei har topsportkarriêre. Troch ierfernauwing (vaatvernauwing) is it medysk net mear ferantwurde om op sa'n nivo topsport te beoefenjen. Yn Tokio helle se noch sulver en dat wie doe al bysûnder knap mei har omstannichheden. Se neamt it sels dan ek "in sulveren medalje mei in gouden râne". Wat sil der yn 2022 op har paad komme? De takomst is noch tige ûnwis foar Alyda. Alyda sil in hearlik haadgerjocht meitsje: kabeljau mei grienten.

Weromsjen mei Reitse

21 december 2021 17:30 - 18:00 Weromsjen mei Reitse: Gerrit Hiemstra Op tiisdei 21 desimber komt Gerrit Hiemstra itensieden yn de keuken by Reitse en Miranda: waarman fan it NOS Journaal én mei-eigener fan it bedriuw Weather Impact yn Amersfoort. Aktivist wol er himsels net neame, mar hy besiket minsken wol sa goed as mooglik foar te ljochtsjen oer de klimaatferoarings. Neffens Gerrit moat it oars, en dat begjint by dysels. By him thús betsjut dat sinnepanielen, gjin fleis, net mei it fleantúch op fakânsje en in elektryske auto. En dat befalt goed. Der stiet in hearlik, fegetarysk foargerjocht op it menu: biteslaad mei stoomde grienten rôle yn rysfeltsjes.

Weromsjen mei Reitse

20 december 2021 17:30 - 18:00 Weromsjen mei Reitse: Sipke Jan Bousema Op moandei 20 desimber komt mediaman en reinbôge-aktivist Sipke Jan Bousema by Reitse en Miranda yn de keuken. De man dy't him de ôfrûne jieren mei hert en siel ynset hat foar de LHBTIQ+-mienskip. As in wiere 'Rainbow Warrior' hat er striden om Fryslân as lêste provinsje yn Nederlân de reinbôgeflagge (mei sukses) hysje te litten. Ek is hy bot belutsen by de organisaasje fan de Rôze Sneon yn Ljouwert. En as klap op 'e fjoerpylk hat er syn eigen freon, Jeroen, frege om te trouwen.   Sipke Jan set útein mei in hearlik foargerjocht: byfstik tartaar.