Weromsjen mei Reitse
21 december 2021
•
17:30
-
18:00
Weromsjen mei Reitse: Gerrit Hiemstra
Op tiisdei 21 desimber komt Gerrit Hiemstra itensieden yn de keuken by Reitse en Miranda: waarman fan it NOS Journaal én mei-eigener fan it bedriuw Weather Impact yn Amersfoort. Aktivist wol er himsels net neame, mar hy besiket minsken wol sa goed as mooglik foar te ljochtsjen oer de klimaatferoarings. Neffens Gerrit moat it oars, en dat begjint by dysels. By him thús betsjut dat sinnepanielen, gjin fleis, net mei it fleantúch op fakânsje en in elektryske auto. En dat befalt goed.
Der stiet in hearlik, fegetarysk foargerjocht op it menu: biteslaad mei stoomde grienten rôle yn rysfeltsjes.