Weromrop.TV stiet hjoed yn it teken fan iiswille yn it argyf fan Omrop Fryslân. Annet Huisman stiet by de Ryptsjerksterpolder en toant ús in reportaazje út 1995 doe't dêr folop reedriden waard. Op oare plakken yn de provinsje waard der mei soleksen en arresliden op it iis riden. Allinne moast it dêrfoar wol sterk genôch wêze, oars 'kin it net'...