De Kryst tsjerketsjinst komt hjoed út de Grutte Tjerke fan Ljouwert wei Krystnacht en Earste Krystdei, hielendal neffens de regels fan oerheid en advizen fan de Klassis Fryslân sille de tsjinsten sûnder gemeente fierd wurde. Wol is der by de Krystfiering in koar fan eigen Kantorij en Agricola Consort ûnder lieding fan Jaap de Kok. Sy sjonge û.o. de Nativity Carol fan John Rutter (* 1945). In muzikaal kwartet stipet dat koar en Gerwin Hoekstra spilet op it oargel. Allegear op oardel meter ôfstân fan elkoar. Ds. Jan-Jaap Stegeman is de foargonger. Liturgy Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst fan Krystnacht 24 desimber.