Thúsakademy
Terugkijken

Thúsakademy

9 december 2020 20:25 - 21:30

Turen in het donker "Stjerren yn 'e winternacht"  Kolleezje fan: Adrie Warmenhoven Yn de winterperioade kinst optimaal genietsje fan de stjerrehimel. It wurdt earder tsjuster, de nachten binne faak ek helder en der steane opfallende stjerren en stjerrebylden oan 'e himel, lykas Orion, Bolle en Twilling. Wêrom sjogge wy yn 'e winter oare stjerren as yn 'e simmer? En wêrom feroaret de stjerrehimel ek yn de rin fan 'e nacht? Op dy en oare fragen jout Adrie Warmenhoven, direkteur fan it Eise Eisinga Planetarium, antwurd. Dêrby wurdt de stjerrehimel fan desimber moai yn byld brocht en wurde de wichtichste stjerren en stjerrebylden toand. De jûn wurdt ôfsletten mei in tapaslik ûnderwerp foar dizze tiid fan it jier, de Stjer fan Bethlehem. Yn de bibel lêze wy oer in heldere stjer, dy't de Trije Wizen út it Easten de wei nei Bethlehem wiisde. Wat hawwe de wizen sjoen? Wie it in echte stjer of stie der wat oars oan de skitterjende himel?   Turen in het donker "Sterren in de Winternacht" College van: Adrie Warmenhoven In de winterperiode kun je optimaal genieten van de sterrenhemel. Het wordt vroeg donker, de nachten zijn vaak helder en er staan opvallende sterren en sterrenbeelden aan de hemel, zoals Orion, Stier en Tweelingen. Waarom zien we in de winter andere sterren dan in de zomer? En waarom verandert de sterrenhemel ook in de loop van de nacht? Op deze en andere vragen geeft Adrie Warmenhoven, directeur van het Eise Eisinga Planetarium, antwoord. Daarbij wordt de sterrenhemel van december fraai in beeld gebracht en worden de belangrijkste sterren en sterrenbeelden getoond. De avond wordt afgesloten met een toepasselijk onderwerp voor deze tijd van het jaar, de Ster van Bethlehem. In de bijbel lezen we over een heldere ster, die de Drie Wijzen uit het Oosten de weg naar Bethlehem wees. Wat hebben de wijzen gezien? Was het een echte ster of stond er iets anders te schitteren aan de hemel?  

Thúsakademy

22 december 2021 20:30 - 21:30 Goffe Jensma oer Oera Linda Yn de útstjoering fan woansdei 22 desimber fertelt heechlearaar Fryske taal- en letterkunde Goffe Jensma oer syn ûndersyk nei Oera Linda. Yn de 19e iuw ferskynde der samar ynienen in boek dat it hiele ûntstean fan Fryslân ferklearre: Fryslân wie écht ien fan de âldste en wichtichste beskavings fan de wrâld en hie sels grutter as de Grykske en Romeinske kultueren west. Fryslân wie dus in gebiet om echt grutsk op te wêzen, ús kultuer wie fan it alderheechste soarte. Dat stie yn dit Oera Lindaboek. Hiel lang duorre it feest net. Nei in skoft waard dúdlik dat it Oera Lindaboek in prachtich skreaun, mar net te fertrouwen ferhaal wie. De myte waard trochstutsen. De myte achter de myte Dat hoecht Goffe Jensma dus net mear te dwaan yn de Thúsakademy. Mar hat hy nei jierrenlang ûndersyk útfine kinnen hokker krêften der achter it boek sieten, en foaral ek wêrom't de Friezen yn de 19e iuw dit ferhaal sa graach leauwe woene. Blykber woene we stommegraach in unyk folk wêze. Wêrom hiene we dêr sa'n ferlet fan? Wat is, om sa te sizzen, de myte achter dizze myte? Fragen stelle  De lêzingen binne yn de Botniastins, it gebou fan de hjoeddeistige Academie van Franeker. Sjoggers kinne live fragen stelle. Yn de útstjoering wurde de fragen sammele dy't programmamakker Bart Kingma nei ôfrûn fan it kolleezje oan de sprekker steld.

Thúsakademy

15 december 2021 20:30 - 21:30 De myte foarby: It ferhaal fan Fikings en Friezen  Yn de útstjoering fan woansdei 15 desimber fertelt Nelleke IJssennagger - van der Pluijm (direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy) oer har ûndersyk nei de Fikings as famylje fan de Friezen. It is it ûnderwerp dêr't sy op promovearre is. In soad Friezen binne der wis fan: wy binne famylje fan de Fikings. Dy stoere fjochtersbazen út it hege noarden, dêr fiele wy ús graach ferbûn mei. En dat is ek net sa gek, want it is wis dat de Fikings hjir yn de iere Midsiuwen omhúsmanne ha. Mar hoe sit it no echt? Wat hat de rol fan de Fikings yn ús skiednis no presys west, en wat ha se ús neilitten? Nelleke IJssennagger - van der Pluijm hat jierrenlang ûndersyk dien nei de Fikings yn de âlde Fryske gebieten. Hoe kamen sy hjir telâne en wat heefden se út? Hoe ferholden de ynwenners har ta dy ynkringers, en wiene it werklik fan dy wylde rôvers en moardners? Wat ha de Fikings neidat se ferdwûn wiene oan ús neilitten? Fragen stelle De lêzingen binne yn de Botniastins, it gebou fan de hjoeddeistige Academie van Franeker. Sjoggers kinne live fragen stelle. Yn de útstjoering wurde de fragen sammele. Programmamakker Bart Kingma nei stelt dy dan nei ôfrûn fan it kolleezje oan de sprekker.

Thúsakademy

8 december 2021 20:30 - 21:30 Arjen Dijkstra oer Eise Eisinga Yn de útstjoering fan woansdei 8 desimber fertelt wittenskipshistoarikus Arjen Dijkstra oer syn ûndersyk nei Eise Eisinga. De man dy't yn alle stilte en beskiedenheid in bjusterbaarlik planetarium boude, omdat hy as iennichste net leaude yn de apokalyptyske preken fan in dûmny dy't sûnder ferstân fan saken de ein fan de wrâld foarsei. Dochs? Arjen Dijkstra fernuvere him deroer dat dit bekende ferhaal nea yngrevener ûndersocht is. Hy dûkte deryn, pluze argiven troch, socht korrespondinsje en bewiisstikken út de 18e iuw. Dat smyt in hiel soad nije ynformaasje op, dy't de myte fan de iensume strider út Frjentsjer flink foarby giet. Fragen stelle  De lêzingen binne yn de Botniastins, it gebou fan de hjoeddeistige Academie van Franeker. Sjoggers kinne live fragen stelle. Yn de útstjoering wurde de fragen sammele nei ôfrûn fan it kolleezje troch programmamakker Bart Kingma oan de sprekker steld.  

Thúsakademy

8 juli 2021 20:30 - 21:30 De Academie van Franeker en Omrop Fryslân bringe kolleezjes fan trije topwittenskippers yn de Thúsakademy.