Teken fan libben
Terugkijken

Teken fan libben

22 mei 2017 18:45 - 18:45

Yn dizze útstjoering diel twa fan it twalûk, oer de impact fan it ûngelok op de skoalle fan Jildau Lageweg. Op 13 maart 2016 kaam sy om by it hertferskuorrend ûngelok by Jirnsum. Hoe geane je as skoalle om mei de abrupte dea fan in learling en wat docht dat mei in klasse? Presintator Raynaud Ritsma praat mei teamlieder Gerlinda Hylkema en mentor Jolanda Spijksma.

Teken fan libben

26 juni 2017 18:35 - 18:45 Yn de lêste útstjoering fan Teken fan libben sjocht presintator Raynaud Ritsma werom op de reis dy’t we ôfrûne perioade makke hawwe. Oan ‘e hân fan ferkate fragminten mei de neibesteanden wurdt in oersjoch sketst troch de belibbingswrâld fan dy neibesteanden.

Teken fan libben

19 juni 2017 18:35 - 18:45 Op 5 maaie 2000 wurdt de freoneploech fan sjonger en presintator Raynaud Ritsma troch in grut drama troffen as twa freonen belutsen binne by in swier auto-ûngelok. Ien fan de freonen, de 19-jierrige Henk IJtsma fan Surhústerfean, komt hjirby om it libben. No 17 jier letter praat Raynaud mei Simone van der Veen, de suster fan Henk, oer it ferlies. Hoe sjocht sy werom op it ferstjerren fan Henk? En wat hat syn dea foar harren beide betsjutte?

Teken fan libben

12 juni 2017 18:45 - 19:00 Yn dizze útstjoering fan Teken fan libben in portret fan skou-arts Aleid Westerveld en útfeartfersoarger Janet de Vries. Ek sy krije yn harren wurk noch te faak te krijen mei ferkearsûngelokken. Mar hokker rol ferfolje sy dan? En hoe kinne sy de neibesteanden bystean?

Teken fan libben

29 mei 2017 18:45 - 18:45 Yn dizze útstjoering fan Teken fan libben in portret fan ambulânseferpleechkundige Adri Mollinga (55) fan Drachten. Sûnt har earste rit op de sike-auto yn 1994 hat sy hiel wat meimakke en sjoen, dochs kin sy har wurk noch altyd mei in soad motivaasje en tawijing dwaan. Mar hoe bliuwst as ambulânsepersoniel stevich yn dyn skuon stean ast it ferskil net meitsje kinst?