Op 15 novimber 2014 ferûngelokket Jaap-Dirk Schaap (44) mei syn crossmotor op de Seedyk by Easterbierrum. Syn sweager Martin rekket by it ûngemak swierferwûne en yn koma. As hy wer bykomt docht bliken dat hy swiere harsenskea oprûn hat. Hy en syn frou Marga, de suster fan Jaap-Dirk, fertelle oer de ympact fan it ûngemak op harren libben.