Yn Nederlân binne rom 20.000 frijwillige brânwachters aktyf. Allegear manlju en froulju dy’t sadree’t de piper giet alles op alles sette om minsken yn need te helpen. By ferkearsûngemakken binne sy faak as ien fan de earsten te plak. Yn dizze ôflevering fan Teken fan libben giet Raynaud yn petear mei âld-brânwachter Tamme Metzlar en syn jonge opfolger Hendrik Jellema fan Wommels. Hoe geane sy om mei oangripende situaasjes?