Yn de twadde útstjoering it ferhaal fan Tjeerd en Jelly van der Meer út Oentsjerk. Op 5 jannewaris 2001 ferlearen sy harren dochters Claudia en Nathalie, en it ûnberne berntsje fan Claudia, op de N361 fan Dokkum nei Rinsumageast. De krúskes dy’t sûnt dy tiid op it plak fan it ûngelok steane, foarmje miskien wol it ferneamdste bermmonumint fan Fryslân. It monumint hâldt alle dagen hûnderten automobilisten in spegel foar.