Romte
Terugkijken

Romte

16 januari 2018 18:45 - 19:00

Komt der in oplossing foar it skeel oer de bou fan in wenwyk yn ' De Peinder Mieden' ? Bewenners yn it gebiet hawwe in juridyske proseduere oanspand tsjin de bou fan de wenten by de Ried fan Steat. Salang't dy proseduere rint, kin net úteinset wurde mei it bouryp meitsjen fan it gebiet. De inisjatyfnimmers fan de Terp fan 'e Takomst yn Blije organisearje in wurkatelier. Dêr docht bliken dat de stânpunten oer it tagongspaad nei de terp fier útinoar lizze. Moat it no in betonpaad wurde of moat der keazen wurde foar natuerlike materialen?

Romte

27 februari 2018 18:45 - 19:00 Yn de lêste ôflevering fan dizze searje Romte sjogge werom mei de inisjatyfnimmers fan de fiif projekten. Wat is der berikt yn Blije, de Peinder Mieden, Aldeberkeap, Koudum en Snits? Wêr rinne je as boarger tsjinoan at je in dream hawwe dy't je realisearje wolle? En hoe reagearret de oerheid op aktive boargers dy't in projekt fan de grûn tille wolle? It binne de tema's dêr't de haadrolspilers yn de searje, Tjitske Andringa, Jentje Steegstra, Machiel Talsma, Gerald van den Berg, Wim Molenaar en Cees Poot mei ôfslute.

Romte

20 februari 2018 18:45 - 19:00 De inisjatyfnimmers fan de fiif projekten dy 't Romte it ôfrûne jier folge hat, gean hjoed byinoar op besite om te sjen hoe 't it Koepel- en Molenbos yn Alderberkeap en wyktún De Groene Flach yn Snits wurden binne. En wat binne de ûnderfiningen en wêr rinne je tsjin oan as boarger wannear't je in projekt opstarte wolle?        

Romte

13 februari 2018 18:45 - 19:00 Yn Romte wurdt dizze wike de befolking fan Koudum útnûge om de nijbouplannen foar it soarchkompleks De Finke te besjen. Ek fertelt lânskipsarsjitekte Marieke van Zuiden hoe 't sy in tún ûntworpen hat. Dizze tún is sawol tagonklik foar de âlderen as handicapten fan De Finke en foar de minsken út it doarp. De inisjatyfnimmers fan de Terp foar de Takomst boppe Blije komme nei de iepening fan Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa 2918. Mei kroaden fol mei klaai freegje se omtinken foar harren plan foar in nije terp oan de Waadseekust.    

Romte

6 februari 2018 18:45 - 19:00   Ald-Oeroldirekteur Joop Mulder giet op ûndersyk út om te sjen of er âlde terpgrûn krije kin foar de Terp fan de Takomst boppe Blije. In soad terpgrûn is nei ôfgravingen nei boeren ferfierd, dy’t de fruchtbere ierde brûkten om lânbougrûn te ferrykjen. Yn Koudum wurdt ûndersocht oft der ek eksplosiven út de Twadde Wrâldoarloch yn it bouperseel fan de nije Finke lizze. Yn 1942 is yn de buert fan dat plak in Ingelske bommewerper delstoarten. Koudumer Jaap van der Veer wit dat noch as wie it juster.