It wetterskip
Terugkijken

It wetterskip

22 januari 2019 17:45 - 18:00

Dizze wike helje we it wc papier út it rioelwetter fan Ljouwert. Ek sjogge by ynnovator Yede van der Kooi. Hy lit de proef ynstallaasje sjen en fertelt oer de stappen dy't set wurde kinne om de wettersuvering griener te meitsjen. Mei ambysje soenen we mei alle suveringen yn Nederlân al ús eigen fosfaat en keunstdong werom winne kinne. De produksje fan keunstdong stiet no noch foar 20 prosint fan ús enerzjyfraach yn Nederlân.

It wetterskip

2 april 2019 17:45 - 18:00 Alle jieren jout it Wetterskip 140 miljoen euro út yn Fryslân om ús Provincje droech te hâlden. It bestjoer bepaalt hoe dat belestingsjild útjun wurdt. En dit bestjoer wurdt demokratisk bepaalt by de wetterskipsferkiezings. Hoe is it eins om yn it bestjoer fan it Wetterskip te sitten, we freegje it oan it jongste bestjoerslid Tieneke Clevering. Melissa Brandsma is (18) fan folsgeare is de nije Jeugdykgraaf en wurdt beneamd troch Dykgraaf Paul van Erkelens  

It wetterskip

26 maart 2019 17:45 - 18:00 We binne yn Fryslân al iuwen dwaande mei wetter. Wetter is ús freon, mar ek ús fijân. Yn in rige fan trettjin ôfleveringen sjocht Omrop Fryslân wat der yn Fryslân allegearre bart oan dat wetterbehear.

It wetterskip

19 maart 2019 17:45 - 18:00 Yn dizze ôflevering sjogge we nei de dyken yn Fryslân. Want sûnder dyken soe 60% fan Nederlân underwetter stean. D'r is besletten om 47 kilometer waadsee dyk te ferhegjen. Werom moat dat en en hoe sjocht in seedyk derút as de seespegel twa meter heger is as no.  

It wetterskip

12 maart 2019 17:45 - 18:00 We binne hjoed te gast by Jan Tolsma yn Drachten by de rioelsûvering. Hy wurket al jieren foar it wetterskip en wit alles fan de sûvering. Hjoed lit hy us de instalaasje fan binnen en bûten sjen.D'r wurdt fan it restslib ek biogas makke, en hjirmei produseert de sûfering de helte fan syn eigen energiefraach. It wetter is oan 'e ein wol hast skjin, mar wat dogge we mei medicienresten?