Wy binne yn Fryslân al iuwen dwaande mei wetter. Wetter is ús freon, mar ek ús fijân. Fryslân wurdt beskermt troch seediken en polderdiken. Wetterskip Fryslân soarget dat we ús fuotten drûch hâlde troch sterke diken. Yn de earste ôflevering fertelt dykgraaf Paul van Erkelens hoe't it Wetterskip yn spilet op de klimaatferoaring. Wy geane op besite by klimaat ûndersiker en NOS waarman Peter Kuipers Munneke. Hy docht ûndersyk nei de iisdikte op Antartica. Want de fraach is: hoe hurd sil it gean mei de klimaatferoaring? Ek sjogge wy by in projekt "Wolvegea súd". Hjir binne ferskate partijen dwaande mei de oanlis fan in wetterbuffer tsjin de klimaatferoaring.