It wettersysteem fan Fryslân wurdt kontinu oanfretten en bedrige troch bisten en planten dy't hjir net fan oarsprong thús hearre. Der stean yn Fryslân planten dy't fundearringen oantaaste en dan binne der ek noch muskusrotten dy't diken stikken meitsje. We gean op jacht nei eksoaten dy't ús provinsje kapot meitsje mei Flora Rosenbrand en rottefanger Jan van der Sluis.