Dit wykein is it drûch wêrby 't sneon steapelwolken en sinne inoar ôfwikselje. By in oanlânske wyn wurdt it regionaal wol 20 oant 22 graden. Snein ek sinne en bewolking mar dan simmers waarm. De matige oant frij krêftige wyn waait dan nammentlik út it súdwesten wêrtroch 't de middeistemperatuer útkomt op 25 oant 27 graden.