Moarn komt de wyn út it súdwesten, is matich oant frij krêftich oan 'e kust en op it Waad en nimt waarme lucht mei him mei. De sinne is wer prominint oanwêzich al skowe der ek wat wolkefjilden en steapelwolken oer. Dit alles soarget derfoar dat we in simmerske dei krije mei temperatueren tusken de 24 en 27 graden. Op moandei waarmet it noch efkes op nei sa 'n 25 a 26 graden, wêrnei 't der fan see ôf buien oerlûke. De wyn is matich oant frij krêftich yn it kustgebiet en komt út it súdwesten.