Foarútsjoch: moarn hâldt dit moaie maitiidswaar oan. Stapelwolken en sinneskyn wikselje inoar ôf, en foaral de kustgebieten en de Waadeilannen krije seker 8 oant 9 sinneoeren. Dêrby stiet der opnij in matige koelte, diskear út de westlike hoeke wei dat de temperatuer wat ynleveret neffens juster. It bliuwt oars wol drûch oerdeis.