De bestjoerlike reboelje yn Smellingerlân is noch altyd net oplost, "ûnôfhinklik ferkenner" Ton Baas komt nije wike mei in oplossing. Nei't de PvdA mei slaande doarren út it kolleezje stapte, moast Baas op syk nei in nije partij. Of sit it probleem toch foaral by de foarsitter fan de grutste partij yn de gemeenteried, Yntze de Vries fan de ELP? Hy is jûn te gast yn It Polytburo. Hoe sjocht De Vries syn rôl yn de Smellingerlânske polityk? Oan 'e ein fan it petear fansels wer de "live" cartoon fan Gerco van Beek.