It Polytburo
Terugkijken

It Polytburo

13 mei 2019 17:45 - 18:00

De formaasje fan it nije deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân gie al net fan in leien dakje, doe kaam der ynienen ek nochris it nijs dat de lêsten foars omheech gean. Gedoch yn it hast tûsen jier âlde bestjoersorgaan dat it wetterskip is, dàt wienen we net wend. En hoe't it mei dy hegere lêsten sit, dat mei DB-lid Otto van der Galiën (Lagere Lasten Burger) útlizze oan Andries Bakker en Eric Ennema. Boeren vs. natuer: moat it grûnwetterpeil omheech of omleech? En hoe komt it mei de ferkiezingsbeloften fan Lagere Lasten Burger? We freegje it oan Otto van der Galiën yn @ItPolytburo. #Sjen #Kijken pic.twitter.com/vO9o2aCdSe — Omrop Fryslân (@OmropFryslan) 13 mei 2019