Yn dizze ôlevering: Leesbaar Friesland: in literêre kaart fan Fryslân: Leesbaar Friesland wurdt in nije kaart fan Fryslân yn literêre sitaten. Bygelyks Simon Vestdijk dy't oer Harns skreau, of de 19e-iuwske dichter Eeltsje Halbertsma oer 'it lytse doarp Terkaple'. Mar ek ûnbekende skriuwers en dichters hawwe plakken en streken yn Fryslân besongen. Friezen om utens: Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Yn dizze ôflevering Karst Draaisma út Sina: wannear witte je oft je werom wolle? Karst hat mei syn frou in soad reizge. Se bedarje yn Sina en wenje en wurkje dêr yn har guesthouse. Mar wat dogge je as je bern krije? Nei 25 jier wer iepenloftspul op 'e Jouwer: rockopera Tommy: Tommy de rockopera wurdt takom wykein opfierd yn it iepenloftteäter Park Herema State op De Jouwer. Dêrmei hat it doarp sûnt 25 jier wer ris in iepenloftspul. Jouster Rudolf Valkena is grut leafhawwer fan The Who en hy naam it inisjatyf foar de rockopera Tommy. Tommy is in musical út 'e jierren '60 en film út de jierren '70 mei ûnder oaren Elton John, Tina Turner, Jack Nicholson, Oliver Reed en Rodger Daltrey (leadsanger fan The Who). Foar it iepenloftspul is it stik oerset yn it Frysk troch Peter Sijbenga.