Yn dizze ôflevering: Teäterspektakel De Reuzen oefenet by WTC Expo yn Ljouwert: Teäterselskip Royal de Luxe oefenet kommende wiken mei De Reuzen by it WTC Expo yn Ljouwert. By de parkearplakken oan de efterkant fan it kompleks steane allegearre hikken dy't de boel ôfskermje. Transportbedriuw PAX fan It Hearrenfean fersoarget it ferfier. It is by it WTC Expo in kommen en gean fan frachtweinen. It binne drokke tiden foar it bedriuw. Ferline wike binne se begûn: it giet yn totaal om santjin transporten en de frachtweinen ride op en del út it Frânske Nantes wei nei Ljouwert. 17, 18 en 19 augustus binne de reuzen te sjen yn Ljouwert. Weromsjen: Tall Ships yn Harns: De Tall Ships Races yn Harns geane dit jier oer de doelstelling fan 300.000 besikers hinne. Dat is de ynskatting fan de organisaasje nei in tige slagge Tall Ships-wykein, mei in bysûnder soad besikers. Friezen om utens: Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? In deze aflevering Herman Rubingh uit Noorwegen. Wat is er voor nodig om je droom waar te maken? Herman vertelt open over de grens tussen zijn eigen geluk en dat van de mensen om hem heen. Wat fine besikers fan de fontein fan Snits? Tsien fan de alve fonteinen yn de Fryske alve stêden binne ôfrûne maitiid oanset. Hoe giet it no? Wurde se massaal besocht? Wat fynt elkenien der fan? Omrop Fryslân giet se allegearre by del en siket it út.