It bêste fan LF2018
Terugkijken

It bêste fan LF2018

19 juli 2018 17:35 - 17:45

Yn dizze ôflevering: Fan Lauwerseach oant Ofslútdyk: 'Dijk van een Verhaal' jout minsken op de seedyk gesicht Wat sykje de minsken op de seedyk fan de Fryske Waadkust? Dy fraach boeit teätermakker Baukje Fennema. Se prate mei tal fan minsken op de dyk en makke der de foarstelling 'Dijk van een Verhaal' fan. Elfwegentocht mei parade oer de Wâldwei Je kinne der sneon net omhinne, benammen as je oer de Wâldwei ride wolle. Dy is ôfsletten foar de lêste dei fan de Elfwegentocht, it inisjatyf wêrby't in diel fan Fryslân twa wiken lang fossylfrij riden hat. De parade is de ôfsluter en der wurdt besocht in rekôr te fêstigjen mei de grutste optocht ea fan elektryske auto's, auto's op grien gas as blauwe disel en fytsers en kuierders. Astronaut André Kuipers joech sneontemoarn it startskot. Ek oare ferfiermiddels dogge mei, sa as duorsume boatsjes en sels in elektrysk fleantúch. Grutste haakte tekken te plak yn park Vijversburg De grutste haakte tekken yn de wrâld leit te plak yn park Vijversburg by Tytsjerk. It is in inisjatyf fan Ljouwerters en soarch organisaasje Palet stipet it. It doel wie om 10.000 haakte tekkens fan 140x200 sm te sammeljen. Uteinlik binne it der 10.841 wurden. Oft se dêrmei ek yn it Guiness World Book of Records komme, wurdt takom wike bekend. Haken is verbinden.  

It bêste fan LF2018

1 januari 2019 17:15 - 18:00 Wat in jier hat it west! 2018 wie it jier fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. It hiele jier troch wiene der alderhande aktiviteiten yn de hiele provinsje yn it teken fan LF2018. Omrop Fryslân joech der rom omtinken oan yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Yn 35 minuten in jier gearfetsje wêryn't sáfolle barde en dat eins syn spoaren noch fertsjinje moat. Dat wie in útdaging mar by Omrop Fryslân hawwe wy it dochs besocht. De moaiste bylden fan de grutste eveneminten binne op 1 jannewaris nochris werom te sjen.

It bêste fan LF2018

18 oktober 2018 17:45 - 18:00 Yn dizze ôflevering: Muzykteäter 'De Wylde Boerinne': wier bard boeredrama op plak delikt Frou Broersma en boer Lammers, beide bouboeren yn Drylts kinne yn de 19e iuw de grutste bouboeren fan de Greidhoeke wurde. Sy widdo, hy frijman. Mar as sy syn houliksoansyk brút ôfwiist, kin hy dat net ferneare en set alles op alles om har it libben ûndraachlik te meitsjen. It lokaasjeteäterstik 'de Wylde Boerinne' gie tongersdei 11 oktober yn Drylts yn premjêre. De measte kaarten binne al ferkocht, de organisaasje hat dêrom twa ekstra foarstellingen organisearre.   Froulju fan Fryslan: hoe stiet it mei de stânbylden? Wiken is der hurd wurke en de bylden fan de seis Froulju fan Fryslân binne hast klear. Mei dit projekt krije seis útkeazen froulju harren eigen stânbyld. Keunstner Natasja Bennink is op it stuit dwaande mei it ôfwurkjen fan de brûnzen bylden. Mar dêr gong hiel wat oan foarôf. Te begjinnen mei in tocht nei Flylân. DNA LWD2018 It doel is dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Yn dizze ôflevering it ferhaal fan Ziva Colijn.  

It bêste fan LF2018

11 oktober 2018 17:45 - 18:00 Yn dizze ôflevering: Fryske Anjer giet nei Leeuwarden - Fryslân 2018: De Fryske Anjer 2018 giet dit jier nei Leeuwarden-Fryslân 2018, Kulturele Haadstêd. Mar it Prins Bernhard Cultuurfonds wol noch fan de Friezen witte wa't of wat de priis krije moat. "Iedereen die zich heeft ingespannen voor Culturele Hoofdstad kan worden voorgedragen," leit Hans Boekhoven, vice-foarsitter fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân út. "Er zijn zoveel onderdelen, van alle Under de Toerprojecten en de Reuzen, maar ook vele andere kleinere voorstellingen. Wij vragen de mienskip om ons aan te geven wat ze prachtig vonden. Uit die inzendingen gaan we de winnaar kiezen. Dat kan dus een persoon zijn of een voorstelling, iedereen die actief bij LF2018 is." Elkenien kin dûnsje, sels mei in beheining: 'Iedereen kan dansen' is it tema fan de earste Fryske Dûnsdagen. Fan tongersdei 4 oktober oant en mei moandei 8 oktober is De Harmonie yn Ljouwert ien grutte gribus fan dûnsjende minsken, workshops en foarstellingen.   Friezen om utens Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Hjoed it ferhaal fan Joke Bakker út Nij Seelân. De Grutte Fryske Skieppekuier; De 250 skiep, dy't ferline wike begûn binne oan in kuiertocht fan 100 kilometer, binne sneon 6 oktober yn Ljouwert oankaam.  

It bêste fan LF2018

4 oktober 2018 17:45 - 18:00 Yn dizze ôflevering: Trijehûndert froulju borduere oan lint foar de frede: Borduere foar de frede is in nobel stribjen. Mayken Geersing fan 'Het andere museum' yn Ljouwert hat mei trijehûndert oare froulju in lint benaaid dat oer frede giet. Mayken hie net tocht dat safolle froulju oan har kulturele mienskipsprojekt meidwaan woene. Friezen om utens: Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Yn dizze ôflevering Oetze Deelstra út Lúksemboarch.   Twahûndertfyftich skiep rinne kilometerslange tocht troch Fryslân hinne: Twahûndertfyftich skiep rinne yn acht dagen tiid fan Wynjewâld nei Kulturele Haadstêd Ljouwert. Se wurde begelaat troch acht skieppehoeders. De Grutte Fryske Skieppekuierneame se de tocht. Sneon wie de earste etappe.