It bêste fan LF2018
Terugkijken

It bêste fan LF2018

28 juni 2018 17:35 - 17:45

Yn dizze ôflevering:   'Escher in het graan', keunstwurken op It Bilt Sûnt koart dûke der yn de greiden fan It Bilt tige grutte figueren op: saneamde nôt sirkels. Mar wês net benaud, it is net it wurk fan 'aliens'. Keunstners hawwe acht grutte tekeningen yn it nôt makke, as oade oan it Biltske lânskip en Escher. Keunstner Henk Rusman wennet al jierren op It Bilt en is de inisjatyfnimmer fan it projekt 'Escher in het graan'. Hy hat seis oare keunstners út Fryslân en dêr bûten frege om hjir oan mei te dwaan. Sy hawwe sels de ûntwerpen foar it nôt makke, mei it wurk fan Escher as ynspiraasje. Dy sirkels, dêr moatte je flink foar stampe. Mei touwen en pealtsjes wurde de figueren útset en mei in planke oan twa touwen platdrukt. It is noch betiid yn it jier, dus it nôt is noch taai. Guon keunstners hawwe derfoar keazen om dêrom it nôt te meanen. It wurk wurdt troch de keunstners en frijwilligers dien. Planeet Escher fan it Fries Museum en Sense op Place meitsje 'Escher in het graan' mooglik. De keunstwurken binne yn de Bildtse Aardappelweken fan 21 juny ôf te sjen foar besikers. Leafhawwers fan it reuzerêd kinne dêr fan 29 juny ôf tsien dagen fan genietsje. DNA LWD2018 It doel is dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Ek yn dizze ôflevering wer in bysûnder ferhaal. Feestlike iepening keunstnerdoarp Asgaard Keunstnersdoarp Asgaard by Ljouwert is sneon mei in simmerfeest offisjeel iepene foar publyk. Keunstners en frijwilligers hawwe yn it doarp bouwurken makke dy't mei de Noarske mytology te krijen hawwe. Op it feest ek ferskillende optredens fan muzikanten en bands. Asgaard is in ûnderdiel fan LF2018. De Ljouwert CDA-fraksje hie earder fragen steld oan it kolleezje oer Asgaard. Dat gie oer mooglike yllegale bewenning, dy't net konstatearre is. In oare fraach wie oft it der net wat netter útsjen kin. En in fraach wie wannear't it publyk Asgaard besjen kin. Nei besite fan twa CDA-ers is ôfpraat dat der in iepeningsfeest komt, sadat der in offisjeel momint is dat it keunstnersdoarp tagonklik wurdt foar publyk.      

It bêste fan LF2018

1 januari 2019 17:15 - 18:00 Wat in jier hat it west! 2018 wie it jier fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. It hiele jier troch wiene der alderhande aktiviteiten yn de hiele provinsje yn it teken fan LF2018. Omrop Fryslân joech der rom omtinken oan yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Yn 35 minuten in jier gearfetsje wêryn't sáfolle barde en dat eins syn spoaren noch fertsjinje moat. Dat wie in útdaging mar by Omrop Fryslân hawwe wy it dochs besocht. De moaiste bylden fan de grutste eveneminten binne op 1 jannewaris nochris werom te sjen.

It bêste fan LF2018

18 oktober 2018 17:45 - 18:00 Yn dizze ôflevering: Muzykteäter 'De Wylde Boerinne': wier bard boeredrama op plak delikt Frou Broersma en boer Lammers, beide bouboeren yn Drylts kinne yn de 19e iuw de grutste bouboeren fan de Greidhoeke wurde. Sy widdo, hy frijman. Mar as sy syn houliksoansyk brút ôfwiist, kin hy dat net ferneare en set alles op alles om har it libben ûndraachlik te meitsjen. It lokaasjeteäterstik 'de Wylde Boerinne' gie tongersdei 11 oktober yn Drylts yn premjêre. De measte kaarten binne al ferkocht, de organisaasje hat dêrom twa ekstra foarstellingen organisearre.   Froulju fan Fryslan: hoe stiet it mei de stânbylden? Wiken is der hurd wurke en de bylden fan de seis Froulju fan Fryslân binne hast klear. Mei dit projekt krije seis útkeazen froulju harren eigen stânbyld. Keunstner Natasja Bennink is op it stuit dwaande mei it ôfwurkjen fan de brûnzen bylden. Mar dêr gong hiel wat oan foarôf. Te begjinnen mei in tocht nei Flylân. DNA LWD2018 It doel is dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Yn dizze ôflevering it ferhaal fan Ziva Colijn.  

It bêste fan LF2018

11 oktober 2018 17:45 - 18:00 Yn dizze ôflevering: Fryske Anjer giet nei Leeuwarden - Fryslân 2018: De Fryske Anjer 2018 giet dit jier nei Leeuwarden-Fryslân 2018, Kulturele Haadstêd. Mar it Prins Bernhard Cultuurfonds wol noch fan de Friezen witte wa't of wat de priis krije moat. "Iedereen die zich heeft ingespannen voor Culturele Hoofdstad kan worden voorgedragen," leit Hans Boekhoven, vice-foarsitter fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân út. "Er zijn zoveel onderdelen, van alle Under de Toerprojecten en de Reuzen, maar ook vele andere kleinere voorstellingen. Wij vragen de mienskip om ons aan te geven wat ze prachtig vonden. Uit die inzendingen gaan we de winnaar kiezen. Dat kan dus een persoon zijn of een voorstelling, iedereen die actief bij LF2018 is." Elkenien kin dûnsje, sels mei in beheining: 'Iedereen kan dansen' is it tema fan de earste Fryske Dûnsdagen. Fan tongersdei 4 oktober oant en mei moandei 8 oktober is De Harmonie yn Ljouwert ien grutte gribus fan dûnsjende minsken, workshops en foarstellingen.   Friezen om utens Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Hjoed it ferhaal fan Joke Bakker út Nij Seelân. De Grutte Fryske Skieppekuier; De 250 skiep, dy't ferline wike begûn binne oan in kuiertocht fan 100 kilometer, binne sneon 6 oktober yn Ljouwert oankaam.  

It bêste fan LF2018

4 oktober 2018 17:45 - 18:00 Yn dizze ôflevering: Trijehûndert froulju borduere oan lint foar de frede: Borduere foar de frede is in nobel stribjen. Mayken Geersing fan 'Het andere museum' yn Ljouwert hat mei trijehûndert oare froulju in lint benaaid dat oer frede giet. Mayken hie net tocht dat safolle froulju oan har kulturele mienskipsprojekt meidwaan woene. Friezen om utens: Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Yn dizze ôflevering Oetze Deelstra út Lúksemboarch.   Twahûndertfyftich skiep rinne kilometerslange tocht troch Fryslân hinne: Twahûndertfyftich skiep rinne yn acht dagen tiid fan Wynjewâld nei Kulturele Haadstêd Ljouwert. Se wurde begelaat troch acht skieppehoeders. De Grutte Fryske Skieppekuierneame se de tocht. Sneon wie de earste etappe.