It bêste fan LF2018
Terugkijken

It bêste fan LF2018

14 juni 2018 18:45 - 19:00

Yn dizze ôflevering:  Hast 10.000 tekkens ynsammele foar wrâldrekôr It ferbinen fan minsken troch it haken. Dat is it grutste doel fan it kulturele haadstêdprojekt 'De Grootste Gehaakte Deken van de Wereld'. Dat ek it wrâldrekôr fan de grutste haakte tekken ferbrutsen wurdt, is bysaak. Dat fine inisjatyfnimmers Esmeralda de Vries en Monique van der Hoek. Se binne al fjouwer jier dwaande mei it projekt, dat op 14 en 15 july ta in hichtepunt komt. Dan wurde alle tekkens oan inoar fêstmakke sadat it ien grutte mega tekken is. Hy komt te lizzen by Park Vijversburg yn Tytsjerk. Wrâldrekôr, Op it stuit wurde de lêste haakte tekkens noch út it hiele lân ophelle en nei de opslach yn it âlde tydlike provinsjehûs yn Ljouwert tabrocht. Hjir wurde de tekkens troch frijwilligers labele en fotografearre. Der lizze no 9.600 tekkens en de ferwachting is dat se oer de 10.000 hinne geane. It rekôr leit op 8.000 tekkens. Der binne yn hiel Nederlân 150 ynleverpunten dêr't de tekkens weihelle wurde. Ek komme der tekkens út it bûtenlân, sa as Malta, Ruslân, Bûtan en Litouwen. Sixth Avenue komt twa wykeinen lang fan New York nei Akkrum ta It Heechein yn Akkrum moat wurde wat Sixth Avenue is yn New York. Oan dy strjitte rjochte âld-Akkrumer Frank H. Cooper yn 1896 in warehûs op dat op dat stuit it grutste fan de wrâld wie. Dêrom sil Akkrum op 9 juny werom yn de tiid mei it evenemint "Meet me at the Fountain". Seishûndert minsken binne hurd oan it wurk om alles op tiid klear te krijen. De namme fan it evenemint is in ferwizing nei it moetingsplak foar New Yorkers: in fontein mei it gouden byld The Statue of the Republic. Dy fontein wurdt yn Akkrum neiboud, krekt as in fjoertoer dy't op it warehûspân stie om klanten te lûken. Folkert H. Kuipers, de Fryske namme fan Frank H. Cooper wie Folkert H. Kuipers. Doe't er 22 jier wie, luts er fan syn berteplak Akkrum nei New York. Mei syn maat Henry Siegel rjochte er dêr it grutste warehûs fan de wrâld op. Dat wurdt yn Akkrum neiboud yn in skaal fan 1 op 3. Fiifhûndert figuranten ferbyldzje yn it twadde en tredde wykein fan juny it libben op strjitte fan Sixth Avenue yn it New York fan 1900. DNA LWD2018 It is de bedoeling dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Ek yn dizze ôflevering wer in bysûnder ferhaal. Mooie Plaatsys: in leafdesferklearring oan It Bilt Gemeente It Bilt is net mear. Nei de weryndieling is it ûnderdiel fan de gemeente Waadhoeke wurden. Mar it typyske Biltske lânskip is der fansels noch wol, en de bewenners hawwe - nei eigen sizzen - in typysk Biltsk karakter. Fotografen Baukje Venema en Gitte Brugman lizze It Bilt fêst yn it fotoprojekt 'Mooie Plaatsys'. It lânskip fan It Bilt is foarme troch de ynpoldering, dy't begjin 16e iuw begûn. Minsken út Hollân giene hjir oan it wurk. Dizze skiednis hat ek de minsken foarme. "Vrijheid, ruimte, een bepaalde eigenzinnigheid", seit Gitte Brugman, is typearjend foar de Biltkers. De portretten en lânskippen binne mei 19e-iuwske foto techniken makke, om hjoed-de-dei en it ferline mei inoar te ferbinen. Baukje Venema: "De mensen van toen zie je terug in de mensen van nu." Uteinlik wurde de foto's byinoar brocht yn in kassette mei fjouwer hânbûne boekjes. Dêr wurde mar 513 fan printe, likefolle as de jierren dy't It Bilt bestien hat. Elk boek hat in eigen jiertal. It kostet in soad jild om 'Mooie Plaatsys' te printsjen en út te jaan. Om genôch boeken yn it foar te ferkeapjen, binne Venema en Brugman begûn mei in crowdfundings aksje.  

It bêste fan LF2018

1 januari 2019 17:15 - 18:00 Wat in jier hat it west! 2018 wie it jier fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. It hiele jier troch wiene der alderhande aktiviteiten yn de hiele provinsje yn it teken fan LF2018. Omrop Fryslân joech der rom omtinken oan yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Yn 35 minuten in jier gearfetsje wêryn't sáfolle barde en dat eins syn spoaren noch fertsjinje moat. Dat wie in útdaging mar by Omrop Fryslân hawwe wy it dochs besocht. De moaiste bylden fan de grutste eveneminten binne op 1 jannewaris nochris werom te sjen.

It bêste fan LF2018

18 oktober 2018 17:45 - 18:00 Yn dizze ôflevering: Muzykteäter 'De Wylde Boerinne': wier bard boeredrama op plak delikt Frou Broersma en boer Lammers, beide bouboeren yn Drylts kinne yn de 19e iuw de grutste bouboeren fan de Greidhoeke wurde. Sy widdo, hy frijman. Mar as sy syn houliksoansyk brút ôfwiist, kin hy dat net ferneare en set alles op alles om har it libben ûndraachlik te meitsjen. It lokaasjeteäterstik 'de Wylde Boerinne' gie tongersdei 11 oktober yn Drylts yn premjêre. De measte kaarten binne al ferkocht, de organisaasje hat dêrom twa ekstra foarstellingen organisearre.   Froulju fan Fryslan: hoe stiet it mei de stânbylden? Wiken is der hurd wurke en de bylden fan de seis Froulju fan Fryslân binne hast klear. Mei dit projekt krije seis útkeazen froulju harren eigen stânbyld. Keunstner Natasja Bennink is op it stuit dwaande mei it ôfwurkjen fan de brûnzen bylden. Mar dêr gong hiel wat oan foarôf. Te begjinnen mei in tocht nei Flylân. DNA LWD2018 It doel is dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Yn dizze ôflevering it ferhaal fan Ziva Colijn.  

It bêste fan LF2018

11 oktober 2018 17:45 - 18:00 Yn dizze ôflevering: Fryske Anjer giet nei Leeuwarden - Fryslân 2018: De Fryske Anjer 2018 giet dit jier nei Leeuwarden-Fryslân 2018, Kulturele Haadstêd. Mar it Prins Bernhard Cultuurfonds wol noch fan de Friezen witte wa't of wat de priis krije moat. "Iedereen die zich heeft ingespannen voor Culturele Hoofdstad kan worden voorgedragen," leit Hans Boekhoven, vice-foarsitter fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân út. "Er zijn zoveel onderdelen, van alle Under de Toerprojecten en de Reuzen, maar ook vele andere kleinere voorstellingen. Wij vragen de mienskip om ons aan te geven wat ze prachtig vonden. Uit die inzendingen gaan we de winnaar kiezen. Dat kan dus een persoon zijn of een voorstelling, iedereen die actief bij LF2018 is." Elkenien kin dûnsje, sels mei in beheining: 'Iedereen kan dansen' is it tema fan de earste Fryske Dûnsdagen. Fan tongersdei 4 oktober oant en mei moandei 8 oktober is De Harmonie yn Ljouwert ien grutte gribus fan dûnsjende minsken, workshops en foarstellingen.   Friezen om utens Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Hjoed it ferhaal fan Joke Bakker út Nij Seelân. De Grutte Fryske Skieppekuier; De 250 skiep, dy't ferline wike begûn binne oan in kuiertocht fan 100 kilometer, binne sneon 6 oktober yn Ljouwert oankaam.  

It bêste fan LF2018

4 oktober 2018 17:45 - 18:00 Yn dizze ôflevering: Trijehûndert froulju borduere oan lint foar de frede: Borduere foar de frede is in nobel stribjen. Mayken Geersing fan 'Het andere museum' yn Ljouwert hat mei trijehûndert oare froulju in lint benaaid dat oer frede giet. Mayken hie net tocht dat safolle froulju oan har kulturele mienskipsprojekt meidwaan woene. Friezen om utens: Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Yn dizze ôflevering Oetze Deelstra út Lúksemboarch.   Twahûndertfyftich skiep rinne kilometerslange tocht troch Fryslân hinne: Twahûndertfyftich skiep rinne yn acht dagen tiid fan Wynjewâld nei Kulturele Haadstêd Ljouwert. Se wurde begelaat troch acht skieppehoeders. De Grutte Fryske Skieppekuierneame se de tocht. Sneon wie de earste etappe.